Kabinet falt oer taslagge-affêre: "Dit rekket my hiel bot"

"It is in moai gebaar." Dat seit Anoeska de Vries. Se is ien fan de slachtoffers fan de taslagge-affêre, dy't laat hat ta it ôftreden fan it kabinet-Rutte III. "Dit rekket my hiel bot. It komt wol even binnen."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Anoeska de Vries
De Vries wit net hoe't it komt, ek net no't it kabinet opstapt is, en finansjele kompensaasje ûnderweis. "Ik doar der net safolle oer te sizzen. In frisse wyn der trochhinne is hiel moai. Mar ik tink dat we dit jier noch wol yn dizze affêre sizze. Rutte is troch it stof gien no, mar dat moast er ek wol. Hy hat net earlik west. Hy hie no gjin oare kar. Dit koe net oars."
It kabinet-Rutte III is fallen fanwege de taslagge-affêre, wêrby't tûzenen minsken in taslach foar de berne-opfang werombetelje moasten en as fraudeur sjoen waarden, wylst sy dat net binne. Yn Fryslân binne ek slachtoffers fan de affêre. Premier Mark Rutte biedt de kening it ûntslach fan syn kabinet oan, twa moannen foar de Twadde Keamerferkiezingen. It siet der al in skoft oan te kommen, mar freed is it definitive beslút naam yn de ministerried.
Premier Mark Rutte © ANP
Yn Nederlân binne in soad âlden ûnterjochte oanmurken as fraudeur en dêrtroch yn de problemen kaam. In moanne lyn brocht in kommisje in hurd rapport út: ministers, amtners, rjochters en de Twadde Keamer hawwe net goed hannele. Troch ôf te gean, lûkt it kabinet it boetekleed oan. It kabinet sil no demisjonêr fierder.
Yn Fryslân binne ek slachtoffers fan de taslagge-affêre. Lês hjir harren ferhalen: