GGD Fryslân: Tal coronabesmettingen rint werom, mar noed oer Britske fariant

15 jan 2021 - 13:08

It hie in feestlike dei wêze moatten: it begjin fan de grutte faksinaasjekampanje yn it WTC Expo yn Ljouwert. Mar dêr leit sûnt tongersdei in skaad oerhinne, doe't dúdlik waard hoe grut oft de útbraak fan it coronafirus is yn soarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean. De soargen binne grut oer de bot besmetlikere Britske fariant, ek by de GGD, want dy komt op in momint dat de sifers krekt oan it weromrinnen binne.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

"Dat betsjut dat just dy ferpleechhuzen noch mear de doar ticht ha moatte, om it net binnen te krijen", seit direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. Neffens har komme de besmettingen fan bûten ôf.

Se ropt elkenien noch mar wer ris op om de coronamaatregels yn acht te nimmen. "Dat is tige wichtich, seker yn dizze tiid no't we tinke: it faksinearjen is begûn, daliks kinne we wer. Ja, no noch even net. En seker mei dy Britske fariant yn 'e hûs moatte we echt even folhâlde om ôfstân te hâlden, hannen waskje en kontakt mije. It is even net oars."

Teste by elk nij 'kuchje'

It tal coronabesmettingen rint werom yn fergeliking mei ferline wike, mar de GGD sjocht ek dat it tal tests ôfnimt. Minsken mei klachten moatte har teste litte, seit De Graaf. "Ek al bist al trije, fjouwer kear negatyf test, elk nij 'kuchje', elke nije klacht kin wer wize op dit firus. En wy wolle wol hiel graach it sicht hâlde op de fersprieding. We binne hooplik de pyk oer, mar de getallen binne noch altyd fierstente heech."

Direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

De coronatests fan de testlokaasje yn de Ljouwerter wyk Bilgaard dy't in wike lyn kwyt rekken, binne wer terjochte. It gie om 86 buiskes, dy't troch in koerier by in ferkeard laboratoarium ôflevere wiene. Dat hat de Fryske GGD bekendmakke. Dêr binne de buiskes dizze wike wer fûn. De measte minsken hiene ynstusken al wer in nije test dien. Tsien minsken noch net, dy krije no noch de útslach. De GGD fynt it spitich dat dit barre koe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)