Berne-opfangen by Surhústerfean benaud troch corona-útbraak 't Suyderhuys

15 jan 2021 - 12:11

Skoalkoepels Noventa en Roobol hawwe âlden fan skoalbern om Surhústerfean hinne oproppen om bern net nei de needopfang te bringen as sy by soarchsintrum 't Suyderhuys west hawwe of dêr wurkje. By 't Suyderhuys is tongersdei in útbraak fan de besmetlike Britske fariant fan it coronafirus fêststeld.

Basisskoalle CBS De Hoekstien yn Surhústerfean (ûnder stichting Noventa) - Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

Yn Droegeham is de needopfang sûnt freed previntyf sletten, jout stichting Noventa (foar kristlik primêr ûnderwiis yn Achtkarspelen) oan. Mei stichting Roobol (Regionaal Orgaan Openbaar Basisonderwijs Lauwersland) is der in brief opsteld dy't nei de âlden gien is. Tegearre hearre der 25 basisskoallen ûnder de twa stichtingen.

De skoalkoepels wolle de oare berne-opfangen graach iepen hâlde, skriuwe sy yn in brief oan de âlden. Dêrom de oprop om de bern net te bringen as sy kontakt hân hawwe mei bewenners of meiwurkers fan 't Suyderhuys. De stichtingen hawwe der begryp foar dat it dreech wêze kin foar âlden om bern op te fangen, mar sy hawwe ek noed oer de Britske fariant fan it firus. De stichtingen jouwe oan kontakt te hawwen mei GGD Fryslân oer wat sy it bêste dwaan kinne.

Harrie Steenstra, bestjoerder fan skoalkoepel Noventa

Apteek Surhústerfean

Ek fan de Benu apteek yn Surhústerfean kaam in oprop om foaral net nei de apteek te kommen as it net nedich is. Minsken dy't medisinen ophelje wolle, kinne dat ek fia in útjefte-automaat dwaan.

Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen

Basisskoalle CBS De Tarissing yn Droegeham (ûnder stichting Noventa) - Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk
(Advertinsje)
(Advertinsje)