Waadfûns ferheget subsydzjeregeling foar Waadprojekten nei 8,5 miljoen

15 jan 2021 - 11:56

It Waadfûns ferheget de STUW-subsydzjeregeling foar Waadprojekten. Bedriuwen, organisaasjes en lokale oerheden kinne dy subsydzje oanfreegje foar projekten dy't te krijen hawwe mei it Waadgebiet, bygelyks lânskipsûntwikkeling of duorsume enerzjy. It bedrach dat beskikber stiet is omheech gien fan 4 nei 8,5 miljoen euro. Ek is de oanfraachperioade langer makke, men kin no oant maaie oanfragen yntsjinje.

It wiete Waad - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

STUW stiet foar 'Subsidieregeling Thematische Uitvoering Waddenfonds'. De termyn foar oanfragen rûn earst oant 31 desimber 2020, mar dy is dus ferlinge oant 30 april 2021. Der kin maksimaal 1 miljoen euro oanfrege wurde foar in projekt. Dat moat falle binnen de tema's duorsume enerzjy, lânskipsûntwikkeling, akwakultueren en boaiem-wetter-ljocht-lûd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)