Kapitein MSC Zoe wurdt net ferfolge foar kontenerramp

15 jan 2021 - 17:00

De kapitein fan it grutte frachtskip MSC Zoe wurdt net ferfolge foar de kontenerramp. Dat meldt it Iepenbier Ministearje. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it skip mear as 300 konteners, boppe de Waadeilannen. Neffens Justysje wie der gjin sprake fan opset of skuld.

MSC Zoë yn de Bremerhaven - Foto: ANP

Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it skip MSC Zoe 342 konteners yn de Noardsee, boppe Flylân en Skylge. Strannen leine besjidde mei ôffal. Noch altyd is in kwart fan it guod net opromme, seit stichting De Noordzee.

Strafrjochtlik sjoen falt de kapitein neat te ferwiten, meldt Justysje.

Lading sekere neffens foarskriften

Neffens Justysje wie it skip neffens de foarskriften laden en sekere, en koe der net fêststeld wurde dat der sprake wie fan 'onzorgvuldig vaargedrag'.

Undersyk fan de TU Delft hat net útwiisd wat der krekt foar soarge hat dat de konteners oerboard sloegen. Neffens Justysje is it 'aannemelijk' dat it skip de boaiem rekke hat, mar dat is net genôch om de gefolgen strafrjochtlik oan de kapitein ta te rekkenjen.

Fraachtekens by rûte

Neffens Justysje kinne der wol fraachtekens set wurde ky de kar fan de kapitein om de sudlike farrûte te folgjen, tichter by de Waadeilannen as de noardlike rûte.

It skip dat foar de MSC Zoe fear, naam wol dy langere noardlike rûte. Dêr is de see djipper. Mar de koartere rûte wie net ferbean, ek net mei min waar, en dus hat de kapitein neffens Justysje gjin skipfeartregels brutsen.

Hy koe it net witte

De kapitein hat ek net te hurd fearn, of te stadich, wat it kontenerferlies feroarsaakje koe.

Neffens Justysje is it ek noch mar de fraach oft de kapitein witte kinnen hie dat er konteners ferlieze koe op dizze rûte. Sjoen de wetterdjipte en de djipgong fan it skip hie de rûte gjin problemen opsmite moatten.

Op basis fan de útkomsten fan it ûndersyk hat Justysje de strafsaak tsjin de kapitein seponearre.

Trefwurden: 
justysje MSC Zoe kontenerramp
(Advertinsje)
(Advertinsje)