Drokte op it elektrisiteitsnet: tal ynstallaasjes fan sinnepanielen nimt bot ta

15 jan 2021 - 11:33

De bot tanimmende fraach nei elektrisiteit en de rappe opkomst fan sinne- en wynenerzjy soargje foar grutte drokte op it Fryske elektrisiteitsnet. It tal ynstallaasjes fan sinnepanielen is it ôfrûne jier yn Fryslân mei 30 persint groeid fergelike mei 2019. Yn Fryslân leverje goed 70.000 húshâldens en 860 sinneparken en grutte sinnedakken griene stroom oan it net fan Liander.

Sinnepanielen yn Garyp - Foto: Omrop Fryslân

De populêrens fan sinnepanielen hat de ôfrûne jierren in grutte groei sjoen. It tal wenningen yn Fryslân mei sinnepanielen op it dak dat griene stroom leveret oan Liander naam bygelyks yn 2020 ta fan 55.000 nei 71.500. Dat is in tanimming fan 30 prosint.

It tanimmen komt benammen troch de fiskale regelingen dy't troch it regear opset binne om griene stroom te stypjen. It gefolch is dat it op it stuit drok is op it elektrisiteitsnet. Foar klanten is it net mear fanselssprekkend dat sy op elts momint duorsum opwekte elektrisiteit oan it net leverje kinne.

Yn de wachtrige

It kin ynsidinteel en lokaal foarkomme dat konsuminten de stroom fan harren sinnepanielen net op it elektrisiteitsnet kwyt kinne, sa seit netbehearder Liander. De spanning yn de kabel of yn de húsynstallaasje rint dan te heech op, wêrtroch't de sinnepanielen harrensels automatysk útskeakelje.

Yn gebieten dêr't de kapasiteit fan it elektrisiteitsnet syn grinzen berikt hat, kin it ek foarkomme dat ûndernimmers dy't nije wynparken of sinneparken of -dakken ûntwikkelje langer wachtsje moatte op transport fan harren griene stroom oant it netwurk útwreide is.

Opstoppingen

Nettsjinsteande de groeiende drokte, witte hieltyd mear produsinten fan sinnestroom in gaadlike lokaasje te finen. Ein 2020 melden goed 400 ûndernimmers harren plannen foar nije sinneparken en sinnedakken yn Fryslân by Liander. In grut diel hjirfan kaam fan agrariërs en bedriuwen dy't plannen hawwe foar sinnepanielen op dakken.

De netbehearder hat lykwols mar foar 263 fan dizze oanfragen foldwaande romte op it elektrisiteitsnet. De rest moat wachtsje oant it net útwreide is, foar't se subsydzje foar harren projekt oanfreegje kinne, de saneamde Stimuleringsregeling Duurzame Energieproductie.

Dêr't in sinnepark mei in jier operasjoneel wêze kin, kin in útwreiding fan in elektrisiteitsferdielstasjon fiif oant acht jier duorje. Dit soarget foar opstoppingen. Liander seit it elektrisiteitsnet dêrom op in soad plakken út te wreidzjen. Yn 2020 ynvestearre it bedriuw goed 800 miljoen euro yn de enerzjynetten, wêrfan't 99 miljoen euro yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)