FIDEO: Sjoch nei de earste twa dagen fan de Hynstekeuring

De jierlikse Hynstekeuring fan de KFPS, de Koninklijke Vereniging "Het Friesch Paarden-Stamboek", is trije dagen lang te folgjen by Omrop Fryslân om't der dit jier - fanwegen corona - gjin publyk by wêze kin yn Drachten. It hiele evenemint is fan 14 oant en mei 16 jannewaris live te folgjen.
Op tongersdei 14 en 15 jannewaris stiet de twadde besichtiging fan de jonge hynsten sintraal. Yn de earste besichtiging healwei desimber kwalifisearren 112 hynsten har foar de twadde stap op wei nei in mooglike karriêre as stamboekhynst. Dêr binne no noch 97 fan oer, dy't oan de keuring meidogge.

Finaledei op sneon

Sneon 16 jannewaris begjint de striid tusken de stamboekhynsten. De spektakulêre Matthys 504 wie de algemien kampioen fan 2020, soe it him dit jier noch in kear slagje? De bylden fan de paradearjende hynsten binne fan 09.00 oere te folgjen op telefyzje en fia de livestreams op de webside en de Omrop-app.
Omrop Fryslân-presintator Gerrit de Boer en saakkundige Henk Dijkstra fersoargje foar de telefyzje-útstjoering it kommentaar
Hynstekeuring 2021 by Omrop Fryslân
Sjoch foar alles oer it Frysk hynder ek op Omropfryslan.nl/hynstekeuring.