Swiere put foar follybalsters VC Snits by werstart kompetysje

15 jan 2021 - 08:45

Mei tsjinstanner Sliedrecht Sport treffe de follybalsters fan VC Snits sneon 16 jannewaris daliks in drege tsjinstanner. De ôfrûne trije jier wist Sliedrecht Sport de nasjonale titel binnen te heljen. Dochs tinke de Fryske follybalsters dat der kânsen lizze: by Sliedrecht Sport binne wat blessueren en de Snitsers binne de twongen stop fan trije moanne goed trochkommen.

Rixt van der Wal op de training - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Trainer Jeffrey Scharbaai is de ôfrûne moannen mei syn spylsters weromgien nei de basis: der is in soad traind op technyk. Omdat der mar yn lytse klupkes fan twa of fjouwer spylsters traind wurde koe, wie dat ek eins it iennige dat er dwaan koe. Hy tinkt dat dat in goede oplossing west hat. "Ik zie dat de speelsters individueel allemaal beter zijn gaan volleyballen. En eigenlijk ben ik heel erg tevreden over hoe het gegaan is."

Doe't der ek wer mei it team traind wurde koe, is foaral traind op de ôfstimming fan de spylsters ûnderling en op patroanen. Boppedat binne twa oefenwedstriden spile tsjin topploegen út de earedifyzje: Eurosped en Apollo 08.

Trainer Jeffrey Scharbaai op de training - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

De oefenwedstriid tsjin Eurosped waard mei 3-1 wûn en tsjin Apollo 08 waard krekt ferlern mei 3-2. Scharbaai is dêr tefreden oer. "We hadden afgesproken dat we veel zouden wisselen om alle speelsters te laten spelen. Dat geeft natuurlijk wel wat een vertekenend beeld, maar de andere kant deed dat ook. Apollo was vorig jaar de verrassing van het seizoen en won in oktober nog de eerste competitiewedstrijd van Sliedrecht Sport. Een hele sterke tegenstander en dan is 3-2 verliezen niet slecht." Boppedat seach Scharbaai guon spylsters grutte stappen meitsjen. Dêr is er hiel bliid mei, want it betsjut dat de trainer hieltyd mear mooglikheden krijt.

Rixt van der Wal

Ien fan de spylsters dy't (noch) net in basisplakje hat, is Rixt van der Wal út Haskerhoarne. It 17-jierrige talint sit no foar it earste seizoen by de seleksje fan VC Snits. Se fynt it ferfelend dat corona de kompetysje stillein hat, mar "dit is wol it bêste seizoen dat dat gebeure koe. Ik ha no de tiid hân om my op te lûken oan it nivo fan de oare spylsters en ik tink dat ik no wol klear bin foar de earedifyzje."

Krekt as har trainer sjocht Rixt mooglikheden tsjin Sliedrecht Sport. "It wurdt seker in pittige wedstriid, want it is de regearjend kampioen, mar ik wit seker dat der in kâns is. Wy hawwe hiel hurd wurke en ik hoopje dat ás Sliedrecht wat stekjes falle lit, dat wy dy kânskes dan ek daliks pakke."

Livestream

By de boppeste fjouwer einigje, dat is de doelstelling foar dit koarte seizoen. Der binne noch mar sân wedstriden te gean en in bytsje neidielich is wol dat VC Snits tsjin de op papier sterkste tsjinstanners in útwedstriid hat. Dochs is it ek mar de fraach hoefolle ynfloed in út- of in thúswedstriid hat, no't der gjin publyk by wêze kin. De wedstriden kinne wol fia livestreams op www.volleybal.nl mei kommentaar folge wurde. Yn de sporthal yn Snits binne earder dizze wike fêste kamera's ophongen om de kwaliteit fan dy livestream te ferbetterjen.

Jeffrey Scharbaai en Rixt van der Wal

(Advertinsje)
(Advertinsje)