Kollum: "De wolf en de earrebarre"

"Ik wie fan 'e wike in blok om mei myn suske Nynke en ús hûnen en doe sei ik dat ik eins noait mear in hazze yn it lân sjoch. Sadree't ik bûten it doarp wie, scande ik earst altyd alle stikken lân om de hazzen earder te sinjalearjen as myn hûnen, mar sûnt in skoft sjoch ik gjin lange earen mear boppe it gers út kommen en boartsje se ek net mear yn it lân. Ik frege my ôf hoe't dat dochs koe. 'Miskien wol troch de earrebarren', sei myn suske.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Sy wennet oan 'e râne fan it doarp, mei útsicht oer it lân en se hat fan 't simmer sjoen hoe't in groep fan in stik as seis earrebarren yn 'e rûnte om in hazze stiene. De hazze koe net in kant út want de earrebarren kamen stadichoan tichterby en úteinlik fleagen der in pear fuort mei de jonge haskes. 'As de boer meant, dan spane der wol in stik as tsien om', sei se. 'En wylst er besiket sa goed mooglik om alle nêsten hinne te meanen, rôvje de earrebarren alles leech.' Neffens har sieten der altyd in protte fûgels en hazzen yn it lân mar de lêste tiid sjocht se amper mear wat.
Doe't ik de boer trof, frege ik wat hy der fan fûn. Hy sei dat it krekt is as witte de earrebarren wannear't er meane sil. En ek dat se fuortendaliks alles opfrette, wylst hy wol om de nêsten en jonge haskes tinkt. It is bytiden hiel teloarstellend, want ek al binne it moaie fûgels, it binne wiere moardners. Omdat se grut binne, sjogge se alles en mei dy lange skerpe snaffels trochboarje se it jonge guod mei gemak.
Yn De Alde Feanen is in earrebarrestasjon en mei tank oan de fûgelbeskerming is dizze fûgel werom, neidat er yn 'e jierren '60 hast útstoarn wie. Yn dyselde Alde Feanen is wierskynlik ôfrûne wike ek in wolf sjoen op in nachtkamera en dêr sille grif in soad minsken bliid mei wêze. Mar ik ha myn twivels en sjoch de comeback fan de wolf op 'e harsens ferkeard kommen.
De boer liet my in filmke sjen, ek makke troch in nachtkamera. Dizze kear wie it by immen op in hiem. Dêr lei in grutte swarte waakhûn neist in hinnehok of sokssawat en op in bepaald momint kaam der in wolf op it hiem. De hûn die syn wurk en fleach de wolf oan. Mar hy siet oan in ein keatling, dus wie er al beheind. Fuort dêrnei kaam der noch in wolf en tegearre foelen se doe de hûn oan. It gong sa mâl, ik wie der aaklik fan.
De wolf hat, krekt as de earrebarre, al in protte slachtoffers op it gewisse mar ik jou dy bisten net de skuld. Dy folgje harren ynstinkt en se binne prachtich om te sjen. It is troch it yngripen fan de minsk dat der hieltyd mear fan binne. Sa binne der ek lju dy't de Oostvaardersplassen in natuergebiet neame. In stek om in gebiet sette en as it fretten op is, de bisten krepearje litte; soks begryp ik net.
Wat ik wol begryp, is dat der hieltyd mear minsken flau fan binne as der wer in slachting plak fûn hat yn bygelyks in keppel skiep. Dochs moat it earst noch mâler gean foardat se tajouwe dat ús foarâlden 150 jier lyn gelyk hiene en de wolf net yn ús park past. Mar as er dochs troch it nasjonale park De Alde Feanen reizget, kin er earst wol in swikje fan dy earrebarren opfrette, sadat de hazzen wer de kâns krije troch it lân te dûnsjen."