Frustraasje by gemeenten: ynwenners ha neat te sizzen oer gas- en sâltwinning

15 jan 2021 - 08:00

De frustraasje oer mynbou ûnder de eigen fuotten en dêr gjin inkelde fet op hawwe hat by lokale oerheden en de bewenners yn Noard- en East-Nederlân noch nea sa grut west as no. Al jierren besykje se ynfloed te krijen op gas- en sâltwinning of it yn 'e grûn fuortrinne litten fan mynbou-ôffalwetter, mar dat slagget net. Net oan de foarkant as der plannen binne en ek net oan de achterkant as der skea is. Se meie inkeld mar frijbliuwend advys jaan.

Lokale oerheden frustrearre: Gjin grip op mynbou

En dan is der ek noch de frustraasje oer twa skearegelingen: ien foar it grutte Grinslanner gasfjild en ien foar alle oare mynbou.

Rjochtsûngelykheid, sizze boargemasters. Want yn de Grinslanner regeling moat de Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) bewize dat de skea troch ierdbevingen net troch harren komt. De oare regeling foar de rest fan it lân hat dy omkearde bewiislêst net.

Gaswinning by Noardwâlde - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Trochdat winning fan lânsbelang is hawwe gemeenten en de ynwenners neat te fertellen oer wat der yn de ûndergrûn dien wurdt. Wethâlder Tiny Bijl fan Steenwijkerland: "Wij hebben wel de lasten en niet de lusten."

Frustraasje

RTV Drenthe en Omrop Fryslân en RTV Oost binne al langer dwaande mei it gaswinningsdossier yn de grinsgebieten fan de trije provinsjes, de lytse gasfjilden en de sâltwinning. Ferslachjouwers Oscar Siep, Hayo Bootsma en Serge Vinkenvleugel sammelen de ôfrûne tiid in soad ferhalen. Wat al dy ferhalen mienskiplik hawwe is: frustraasje.

Ynwenners en gemeenten wolle al jierren mear ynfloed op de beslútfoarming en op de fergunningferliening. Dêrfoar hawwe der tsientallen juridyske prosedueres west, mear as ien kear sels oan de Ried fan Steat ta. Mar gjinien fan dy saken waard wûn.

Gjin inkelde proseduere by de Ried fan Steat (hjir it gebou yn Den Haag) waard wûn - Foto: Wikipedia, Creative commons

Hieltyd mear gemeenten lûke harren no werom, om't de prosedueres tefolle jild en tiid kostje en noait wat opsmite. Dat spilet foaral yn de kop fan Oerisel, Fryslân en Drinte.

De gemeenten yn dy regio's wolle no mei-inoar ien fûst meitsje tsjin de plannen. By de gaswinning yn de regio Drachten en by de sâltwinning yn Veendam binne deselde lûden te hearren.

Nei Ried fan Steat hat gjin doel

Neffens wethâlder Klaas Smidt fan Westerveld hat prosedearjen by de Ried fan Steat gjin doel: "De mijnbouwwet is zulk sterk recht dat we elke keer met niks thuiskomen. We hebben wel een adviespositie, maar ze doen alsof ze doof zijn."

Smidt tinkt dat, doe't de mynbouwet yn it ferline makke waard, de mynboubedriuwen ôftwongen hawwe dat se net tefolle tsjinwurking krije soene. Doe net en no net. Mar dat kin Smidt net hurdmeitsje. "Als je als eenvoudige inwoner tegenover zulke grote partijen staat, dan is maar de vraag naar wie de balans doorslaat", follet wethâlder Tiny Bijl fan Steenwijkerland oan.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Jeannet van der Velde fan boargerkomitee GasDrOvF yn 'e gaswingebieten wit wêr't dat oer giet. Al jierren binne se dwaande om in bytsje fet te krijen op de gaswinning yn it 'provinsjale trijelannepunt.'

Dat besykje se by it ministearje fan Ekonomyske Saken en it Staatstoezicht op de Mijnen. Ek binne se dwaande om in foet tusken de doar te krijen by gaswinner Vermilion as serieuze petearpartner. Eigen saakkundigen waarden ynskeakele en se stapten nei de Ried fan Steat.

Oft it allegearre wat opsmiten hat? Vermilion en Ekonomyske Saken kundigen koartlyn oan dat se mei in proseduere úteinsette foar nije winputten en gasfjilden yn it gebiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)