EK-debutanten Kok en Talsma gean foar 'goede races', De Jong wol it heechste poadium

IIsstadion Thialf is dit wykein it domein fan de Europeeske sprinters en allrounders. Op sneon en snein stiet nammentlik it Europeesk kampioenskip sprint en allround op it programma. Femke Kok fan Nij Beets, Marwin Talsma fan Grou en Antoinette de Jong fan Rottum soargje foar de Fryske ynbring op it toernoai. Elk mei in eigen doel.
Antoinette de Jong © Orange Pictures
Foar de 20-jierrige Kok is it har earste grutte sprinttoernoai by de senioaren. "Ik bin benijd wat ik ferwachtsje kin fan de oare konkurrinsje út it bûtenlân", seit Kok, dy't op it NK sprint as twadde einige, nettsjinsteande trije ôfstânsoerwinningen.

Bûtenlânske foarm

De konkurrinsje is it grutte fraachteken op it earste ynternasjonale toernoai yn dit coronaseizoen. Yn guon lannen hawwe noch gjin grutte wedstriden west en dus is it ôfwachtsje wat de foarm fan de bûtenlanners is. "Nei dit wykein sjogge we wol hoe't it derfoar stiet", seit Kok.
Dúdlik is wol dat lângenoate Jutta Leerdam ien fan de grutste kânshawwers is foar de titel, mar ek de Russyske riders binne grutte konkurrinten foar Kok. "Dat tink ik wol en yn myn team sit ek noch Vanessa Herzog út Eastenryk, dy is ek goed. It wurdt wol spannend."
Femke Kok oer it EK sprint
Femke Kok © Orange Pictures
Ek Talsma makket dit wykein syn debút, mar dan op it allroundtoernoai. En dat is al in oerwinning op himsels. "Sjoch, ik ha oant no ta net hiel goed west yn it allrounden. Ik wurd no tredde op it NK, mar ik ha dêrfoar noch nea echt hân, ek net by de junioaren, fan: 'jonges, we dogge oan allrounden en ik einigje op it poadium'", seit Talsma.
Dit toernoai is foar him dan ek ûnderdiel fan in grutter doel. "De dream is om olympysk kampioen te wurden, en om dêr te kommen. Ik fyn in allroundtoernoai hiel leuk om te riden, mar it is net myn haaddoel", seit Talsma, dy't it EK-ticket op it kwalifikaasjetoernoai foar de noas fan rekôrkampioen Sven Kramer wei kaapte.
Talsma rûn op it WK kwalifikaasjetoernooi (WKKT) noch in blessuere op oan in ribbe, mar hy tinkt dit wykein gewoan 'fol gas' te kinnen.
Marwin Talsma oer it EK allround
Marwin Talsma © Orange Pictures
Foar De Jong wurdt it in hiel oar allroundtoernoai. Sy is de regearjend Europeesk kampioen en ek op it WKKT makke se grutte yndruk. "Minsken ferwachtsje fan my dat ik it dêr ek even doch, mar dat is net fanselssprekkend", seit De Jong.
Se sjocht harsels dan ek net as de topfavoryt. "Dat sjoch ik noait. Ik fiel my eins altyd wol goed op in allroundtoernoai en dan tinke je: ik bin der klear foar. Ik ha my hiel faak hiel goed field en dan makke ik op de 500 meter in foutsje en dan leist alwer in pear sekonden efter. Der kin fan alles barre. It is oer fjouwer ôfstannen", seit se. "Oant no ta ha ik in goed seizoen hân en moat ik dat ek meinimme en dwaan wat ik dêr ek dien haw."
Antoinette de Jong oer it EK allround
Antoinette de Jong © Orange Pictures
De riders hawwe allegearre harren eigen ferhaal en dat soarget ek foar útinoar rinnende doelstellingen. "Ik hoopje gewoan dat ik fjouwer konstante en goede ritten delset", seit Kok, dy't dêrmei wol hopet om yn alle gefallen yn de top fiif te einigjen. "Dat soe hiel moai wêze."
Ek Talsma wol de latte net te heech lizze. "Gewoan fjouwer goede races delsette en it bêste út mysels helje. Dan bin ik tefreden. As dêr wat moais útkomt dan is dat moai meinaam, mar bart der niks, dan bart der niks. Sa simpel is it einliks", seit de Grouster.
Mar foar De Jong leit it fansels hiel oars. "As ik op dat heechste poadium stean, dan is it foar my slagge", sa seit de regearjend kampioen.