Dantumadiel, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel blike Fryske coronahotspots

15 jan 2021 - 06:05

Der binne de ôfrûne sân dagen yn Fryslân 1.529 coronabesmettingen fêststeld. Dat binne minder as ferline wike, doe wiene it der 1.697. Benammen yn de gemeenten Dantumadiel, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne yn ferhâlding in soad besmettingen. Yn dy gemeenten steane ferskate soarchsintra mei in soad besmettingen, wêrûnder 't Suyderhuys.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

De measte positive testen binne de ôfrûne wike meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, yn totaal 266. Yn de gemeente Ljouwert wiene de ôfrûne wike 179 fêststelde besmettingen.

Yn ferhâlding mei it tal ynwenners, wienen de measte besmettingen yn Dantumadiel, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Omrekkene nei 100.000 ynwenners, wiene de ôfrûne wike yn Dantumadiel 433 besmettingen, Achtkarspelen 423 en Tytsjerksteradiel 358.

Yn totaal goed 18.000

Mei de 1.529 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 18.019 Friezen it coronafirus fêststeld. De earste fêststelde besmettingen wienen op 10 maart ferline jier, by in pear op De Gordyk.

It deistige tal besmettingen sûnt it begjin fan de útbraak (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

It tal stjergefallen leit foar de tredde wike op rige in stik heger as trochsneed. It wiene der 18, ien mear as ferline wike. Dat komt benammen trochdat it firus him de lêste wiken hurder ferspriedt yn ferpleech- en fersoargingshûzen.

It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei corona stiet no op 207. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
8 jannewaris - 14 febrewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
GGD Fryslân RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)