Henk Veerman 'moedeloos' nei lykspul: "We moeten heel snel naar de tekentafel"

14 jan 2021 - 22:34

SC Hearrenfean spile tongersdeitejûn mei 1-1 gelyk tsjin RKC Waalwijk. It wie de njoggende wedstriid op rige dy't net wûn waard troch de Fryske klup en dus wie oanfaller Henk Veerman, dy't yn de earste helte noch wol skoarde, nei ôfrin fan de wedstriid 'moedeloos'. "Het was gewoon wederom niet goed genoeg", seit de spits.

Foto: Orange Pictures

Veerman wit net hoe't it kin dat syn ploech yn sa'n minne perioade sit. "Als we het wisten hadden we het meteen omgedraaid. Op dit moment zitten we even in een hele vervelende situatie waar we kennelijk niet uitkomen. Dat is heel erg vervelend", sa seit Veerman.

"Wij moeten heel snel op de tekentafel een creatief plan verzinnen om hier zo snel mogelijk uit te komen", seit de oanfaller. Der moat yndie gau in plan komme, want Hearrenfean hat mar leafst noch fiif wedstriden op it programma yn jannewaris. "Ik raak niet snel in paniek, maar er is wel duidelijk een dipje en dat is erg vervelend."

Henk Veerman

Assistint-trainer Hennie Spijkerman, dy't tongersdei de lieding hie om't Johnny Jansen noch hieltyd yn thúskarantêne sit fanwege in coronabesmetting, wol noch net prate oer in krisis. "Je kunt er allerlei superlatieven tegenaan gooien. Ik hou het er maar op dat het niet best was, dat het slecht was en dat het aan ons is om dat tij te keren. Daar zullen we ons stinkende best voor doen", seit hy.

Hennie Spijkerman

Hy snapt lykwols wol dat de bûtenwacht yntusken kritysk wurdt. "Dat is duidelijk, maar zo werkt het in de sport. Dat is niet alleen hier. Dat is overal. We zijn goed begonnen aan dit seizoen en op dit moment zitten we al een aantal weken in een hele slechte fase. Dat daar kritiek op is, dat vind ik niet meer dan normaal. Het is ook aan ons om die kritiek te smoren", seit Spijkerman.

Kwaliteit

Neffens Spijkerman kin it samar wêze dat it aanst wol wer gewoan de goede kant op falt. "Wij hebben kwaliteit in deze groep lopen. Het gaat erom dat wij met deze kwaliteit de wedstrijden ook naar onze hand zetten en dan we beter gaan voetballen. We hebben niet voor niets de eerste helft van het seizoen punten gepakt. Niet omdat we die in de schoot geworpen kregen, maar omdat we er ook hard voor hebben moeten werken", sa seit de assistint-trainer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)