SC Hearrenfean set minne rige troch mei lykspul tsjin RKC Waalwijk

Foar de njoggende kear op rige hat SC Hearrenfean in kompetysjewedstriid net wûn. Yn eigen hûs waard it 1-1 tsjin RKC Waalwijk. Benammen de twadde helte fan de Fryske ploech wie min.
© Orange Pictures
Trainer Johnny Jansen liet oanwinst Tibor Halilovic direkt yn de basis starte. Jansen wie lykwols sels net fysyk oanwêzich by dat debút. De trainer sit noch hieltyd yn thúskarantêne fanwegen in coronabesmetting.
De Friezen, ûnder lieding fan assistint-trainer Hennie Spijkerman, kamen al betiid yn de wedstriid op foarsprong. RKC-keeper Kostas Lamprou koe in skot fan Joey Veerman noch keare, mar dyselde Veerman krige de rebound yn de fuotten en koe foarsette op Henk Veerman, dy't him binnentikke.

RKC skoart

Hearrenfean krige yn de earste helte noch wol wat kânskes, mar slagge der net yn om út te rinnen. Dat waard tsien minuten yn de twadde helte ôfstraft troch de nûmer fyftjin fan de kompetysje. Richard van der Venne krige in foarset fan de linkerkant foar de fuotten en skeat dizze binnen yn de koarte hoek.
Net lang dêrnei krige de thúsploech in enoarme kâns om wer op foarsprong te kommen. Siem de Jong stjoerde Mitchell van Bergen fuort, mar die koe net goed ôflizze. Benjamin Nygren krige dêrnei ek noch de kâns, mar hy skeat neist.

RKC op de peal

Ek yn de slotfaze krige Nygren noch in kâns op de winnende treffer nei in goede bal fan Lucas Woudenberg. De Sweed skeat de bal lykwols de loft yn, yn stee fan op it doel. De grutste kâns op in oerwinning wie úteinlik foar RKC. Ynfaller Vitalie Damascan skeat yn de 88e minút noch fia de hannen fan doelman Erwin Mulder op de peal. Yn de twa minuten ekstra tiid krigen beide ploegen gjin kânsen mear en dus bleau it by in puntedieling.
Mei it lykspul stiet SC Hearrenfean no mei 21 punten út sechstjin wedstriden op it njoggende plak. It gat mei it sânde plak, dat rjocht jout op in ticket foar de play-offs om Europeesk fuotbal, is no seis punten.
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Akujobi, Dresevic, Bochniewicz, Woudenberg; Kongolo, J. Veerman, Halilovic (61' De Jong); Van Bergen, H. Veerman, Van der Heide (61' Nygren).
SC Hearrenfean - RKC Waalwijk: 7' 1-0 Henk Veerman, 56' 1-1 Richard van der Venne.