Ministers: Foarearst gjin jild foar Lelyline út Wopke-Wiebesfûns

14 jan 2021 - 19:46

It plan foar in bettere spoarferbining tusken de Rânestêd en Noard-Nederlân moat better útwurke wurde foardat der jild beskikber komme kin út in fûns fan it Ryk. Dat melde de ministers Wopke Hoekstra fan Finânsjes en Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken yn in brief oan de Twadde Keamer.

Perronnen op it stasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Ferslachjouwer Onno Falkena oer it jild foar de Lelyline

Op de list mei projekten dy't jild krije kinne steane wol ferskate OV-projekten by de stêden Amsterdam, Rotterdam, Den Haach en Utrecht. De bettere spoarferbining tusken de Rânestêd en it noarden wie foar it groeifûns oanmeld troch it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, mar foldocht neffens de ministers Hoekstra en Wiebes noch net oan de 'technyske toets' fan it fûns (pdf).

It net op list setten fan de Lelyline seit neffens de minsters neat oer it maatskiplik belang fan de nije spoarline.

'Gjin man oerboard'

"It is fansels spitich dat de Lelyline der noch net tusken stiet, mar der is noch gjin man oerboard", is de earste reaksje fan VVD-steatelid Durk Pool, ien fan de minsken achter de lobby foar de Lelyline. Neffens Pool wurdt it heech tiid dat der in offisjele Maatskiplike Kosten- Batenanalyze (MKBA) útfierd wurdt foar de Lelyline.

Foar in projekt dat sa grut en kostber is as de Lelyline is de Ryksoerheid ek ferplichte om in MKBA út te fieren. As dy der leit, kin ek in nasjonaal groeifûns yn de eagen fan Pool net mear om de Lelyline hinne.

De Lelyline ferbynt Lelystêd fia Emmeloard, It Hearrenfean en Drachten mei Grins en is 125 kilometer lang. In ferline jier publisearre potinsje-ûndersyk fan it Ryk en de noardlike provinsjes rûst de kosten fan de nije spoarline op sa'n 4 oant 6 miljard.

Foto: Omrop Fryslân

It nasjonaal groeifûns is in pot fan 20 miljard euro. Dat jildt is ornearre foar projekten dy't 'Nederlân foarút helpe moatte' en net oars finansiere wurde kinne. Der steane no 14 foarstellen op de list fan it nasjonaal groeifûns. Njonken ynvestearringen yn ynfrastruktuer giet it ek om projekten op it mêd fan kennisûntwikkeling en ynnovaasje.

It stiet noch lang net fêst dat dy foarstellen ek allegearre jild út it fûns krije. In ûnôfhinklike beoardielings-advyskommisje sil alle projekten yngreven bestudearje en in swierwaagjend advys útbringe. De kommisje hat oanjûn dêr seker sa'n trije moanne foar nedich te hawwen.

It stiet no al fêst dat net alle projekten op de list folslein útfierd wurde kinne, want dêrfoar is seker 25 miljard euro nedich en it fûns is net grutter as 20 miljard.

Projekten dy't no net op de list steane, kinne neffens de ministers Hoekstra en Wiebes op 'e nij yntsjinne wurde yn de twadde ronde fan it groeifûns, op betingst dat it projektplan dan wol 'compleet' is.

Trefwurden: 
Lelyline spoarferbining
(Advertinsje)
(Advertinsje)