Hoe wurket de reedrydbubbel yn Fryslân?

Tusken de 250 en 300 reedriders en harren coaches sitte de kommende wiken ferspraat oer trije hotels yn de saneamde reedrydbubbel. Dat moat derfoar soargje dat der oant en mei heal febrewaris noch fjouwer grutte ynternasjonale toernoaien organisearre wurde kinne. Mar, hoe wurket de reedrydbubbel yn Fryslân eins?
FH REPO Reedrydbubbel

In oantal regels út 'e bubbel:

"Liket wol wat op in finzenis"

It is strang. Hiel strang. Mar, it moat wol om noch inkelde ynternasjonale wedstriden ride te kinnen. Antoinette de Jong fertelt oer har ûnderfiningen yn de earste wike fan de bubbel: "Kinst gjin kant op. It liket wol wat op in finzenis. Oeral binne kamera's, ast yn- en úttsjekst moast sizze wêr'tst hinne giest en moast binnen in akseptabele tiid werom wêze."
Yn de bubbel sitte, hâldt ek yn dat je famylje en freonen fiif wiken net sjen kinne. Dat is somtiden wol dreech, fynt Femke Kok. "Oan de iene kant is it spitich datst sa lang fuort bist en elkoar net sjen kinst. Allinne it is foar in goed doel en we meie wedstriden ride, dus dan ha ik it der wol foar oer." De Jong mist foaral it stikje ûntspanning. "Ik mis om nei de hynders te gean, want dat jout my rêst. No sitte je allinne mar yn it hotel."
Marwin Talsma debutearret oankommend wykein op it EK allround. It betsjut dat er sûnt dizze wike yn de bubbel sit. "De tiid troch de wike moatte je wol oerbrêgje. Foar de rest is it sa slim ek net. It is net in hel ofsa. Mar, it is leuker om thús te sitten en je eigen ding dwaan te kinnen."
Fryske reedriders oer de bubbel

"Geschenk uit de hemel"

By hotel Van der Valk binne se tige wiis mei de reedrydbubbel. It soarget derfoar dat der trije hotels yn Wolvegea, Snits en Emmeloord no foar in grut part fol sitte, wylst it oars rêstich west hie fanwegen de coronakrisis. Ek yn it hotel yn Ljouwert sitte reedrydgasten fan reedrydbûn ISU, mar it oare part fan dat hotel is ek iepen foar oar publyk. "Blij mee is een understatement. Het is een geschenk uit de hemel", fertelt Henk Matser fan Van der Valk.
Neffens Matser fertsjinje de oerheden dêr by ek in komplimint, om't se de hotels in ûntheffing jûn hawwe. Sa mei der wol yn it restaurant iten wurde yn de bubbel. Dat moast ek wol, want hast 300 minsken iten op 'e keamer jaan, wie net te dwaan foar it hotel. Matser: "We zijn er sinds begin augustus mee bezig, want het is een enorme operatie. Maar we zijn er superblij mee. We hebben nu in de vier hotels voor iedereen werk, zo groot is het."

Leare, lêze en foto's plakke

Om de tiid neist it trainen de kommende wiken wat troch te kommen, docht elk wat oars. Talsma sil bygelyks leare: "Ik ha wat boeken mei foar it farbewiis. En ik haw in PlayStation meikrigen fan in freon en we kinne altyd in filmke sjen." Yn de boeken docht Kok ek, allinne net foar skoalle: "Ik ha twa boeken mei en ik sjoch in soad searjes en films. En we dogge mei ús team wol leuke spultsjes. Ik tink dat it wol foarby fleane sil."
De Jong besiket har, neist in stikje ûntspanning, ek noch nuttich te meitsjen: "Ik bin dwaande mei in fotoboek fan polaroid. Fan de ôfrûne jierren probearje ik allegearre foto's te sammeljen en dy plak ik yn in boek, dêr bin ik no mei dwaande." En ach, oars is der ek noch wol in aardige searje dy't De Jong sjen kin: "Ik sjoch ûndertusken alle seizoenen fan Grey's Anatomy. Ik tink dat ik it wol hielendal útsjoen ha, as ik hjir fuort gean."
De bubbel einiget nei it WK ôfstannen, dat heal febrewaris plakhat yn Thialf.
© Orange Pictures

It programma fan de kommende wiken

Sneon 16 en snein 17 jannewaris Europeesk kampioenskip allround en sprint
Sneon 23 en snein 24 jannewaris Wrâldbeker 1
Sneon 30 en snein 31 jannewaris Wrâldbeker 2
Tongersdei 11 oant en mei snein 14 febrewaris Wrâldkampioenskip ôfstannen