Hearrenfean spilet sûnder trainer yn wedstriid tsjin RKC

14 jan 2021 - 17:14

Johnny Jansen sit net op de bank by de thúswedstriid fan SC Hearrenfean tsjin RKC tongersdeijûn. By de lêste coronatest waarden noch wat 'restwearden' fan it firus fûn. Dat meldt de klup. Assistint-tainer Hennie Spijkerman sil him ferfange.

Johnny Jansen, trainer SC Hearrenfean - Foto: Orange Pictures

De klup meldt dat Jansen net mear besmetlik is, en dat er him goed fielt, mar hy hâldt him oan de regels fan it fuotbalbûn KNVB, en bliuwt thús.

"Ik heb het virus eind december opgelopen", seit Jansen. "Ik ben vervolgens twaalf dagen in thuisisolatie gegaan, voel me helemaal goed en ben al een week klachtenvrij. Van de GGD mag ik gaan en staan waar ik wil, maar de KNVB hanteert een strikt testbeleid. Dat is ook heel goed, want daardoor kunnen we hier in Nederland verantwoord doorgaan met het profvoetbal."

"Voor nu is het vervelend, maar we nemen uiteraard geen risico. Ik hoop er zondag in de uitwedstrijd tegen VVV-Venlo wel weer bij te mogen zijn."

Halilovic yn de basis

De nije oanwinst fan SC Hearrenfean, Tibor Halilovic, begjint yn de basis. Fierder binne der basisplakken foar Ibrahim Dresevic en Arjen van der Heide. Siem de Jong, Jan Paul van Hecke en Benjamin Nygren sitte op de bank.

De wedstriid fan SC Hearrenfean begjint om 18:45 oere, en is rjochtstreeks te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.

(Advertinsje)
(Advertinsje)