Stroomkabel net ûnder Fryske fêstewâl, mar Burgum bliuwt wach: Sintrale moat fuort

14 jan 2021 - 17:13

Grutte ferromming yn Burgum no't de eardere elektrisiteitssintrale foarearst net brûkt wurdt. In nij wynpark yn de Waddensee soe oer in kabel yn Burgum ferbûn wurde mei it lanlike stroomnet. Mar dat is no fan de baan. De kabel giet net oer Burgum, mar oer de Eemshaven yn Grinslân. Dat hawwe it Ministearje fan Ekonomyske Saken en enerzjybedriuw TenneT tongersdei bekend makke.

Kabel net oer Burgum

Aksjekomitee Noardermar hat him twa jier lang ferset tsjin de komst fan de kabel nei yn Burgum. "We binne geweldich bliid mei it nijs," seit Klaas de Haan fan it aksjekomitee. "Mar we bliuwe wach foar de takomst."

De sintrale yn Burgum stiet al jierren ta diskusje. By it projekt 'Net op Zee', dêr't in wynmûnepark boppe de Waadeilannen oanlein wurdt, kaam de sintrale yn byld by it ministearje. Burgum moast it oanknopingspunt wurde tusken it wynmûnepark en it lanlike elektrisiteitsnetwurk.

Bromlûd

"Mar dan krigen wy hjir in ferfelend lûd te hearren," seit Klaas de Haan. "Dat soe in bromlûd wêze dat dei en nacht trochgiet. Ast deryn wennest, wurdst dêr net bliid fan. Dat soarget foar sa'n oerlêst. En dan komt der dan ek mear ferkear en folle mear gedoch. Dat kin nea goed wêze."

De kabel dy't nei Burgum soe - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Klaas de Haan, aksjekomitee Noardermar

De kabel giet net oer Burgum, mar oer de Eemshaven. Dat is moai nijs foar it aksjekomitee. "Mar we bliuwe wach, want de sintrale stiet hjir noch wol. Dat is in enoarm gebou en it kin yn prinsipe brûkt wurde. Jo witte dus net hoe't it komt mei nije projekten yn de takomst. Wy roppe de polityk op om te sjen of dit gebou hjirwei kin. De PvdA hat al fragen steld yn de gemeente. Wy hoopje dat it debat aanst begjint oer de sintrale en dat wy dêrnei de moaie natuer hjir weromkrije."

It ministearje fan Ekonomyske Saken lit yn in reaksje witte dat definityf foar de Eemshaven keazen is. Foar projekten yn de takomst is de kâns lyts dat Burgum keazen wurdt. "Gezien het onderzoek dat wij nu hebben gedaan en de grotere capaciteit van windparken in de toekomst ", sa seit Olaf Herfst. "Die zullen nog groter zijn dan dit windpark. Dan is het de vraag of de centrale in Burgum daar handig voor is. Dan acht ik de kans niet groot dat het Burgum wordt, maar we kunnen de kans ook niet volledig uitsluiten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)