Postbesoargers stjoere massaal kaarten nei 9-jierrige Britt út Molkwar

14 jan 2021 - 16:43

Se hie it sa goed bedoeld, de 9-jierrige Britt Boersma út Molkwar. Yn de wike foar de krystdagen hie se de postbesoarger yn it doarp riden sjoen mei in scooter fol mei post, yn de rein. Dat fûn se sa begrutlik dat se in krystkaart makke, om op te stjoeren nei alle postrinners fan Nederlân. Mar dy kaart 'voor alle postbodes van Nederland' krige se ferline wike werom. Ta har grutte teloarstelling wie er net iens iepenmakke. Wol siet der in grutte stikker op mei de tekst ongeldig/incompleet adres.

Kaarten foar Britt

Mem Marijke Boersma doarde de brief hast net werom te jaan oan Britt: "Ik ha har efkes in krûpke jûn, want doe't ik de brief weromjoech, seach ik de teloarstelling op har gesicht." Letter op de dei sette se in foto fan de brief mei it ferhaal op Facebook. "Dêr haw ik byset dat er safolle mooglik dield wurde moast mei postbesoargers. Sa koene se it boadskip dochs meikrije, tocht ik."

Reaksjes út hiel Nederlân

It berjocht waard manmachtich dield en út it hiele lân kamen reaksjes. Net allinnich op ynternet, mar ek kamen der tsientallen kaartsjes nei Molkwar. Britt moast de kaart fan Nederlân derby hawwe om te sjen wêr't de kaarten weikamen: "Seelân, Limboarch, Den Helder, Grinslân, Hattum. Kinst it sa gek net betinke of ik haw der in kaartsje weikrigen."

Dat der safolle reaksje komt op har brief fynt Britt leuk, mar ek in bytsje gek. "Dit hie ik net ferwachte. Mar ik sjoch no alle dagen út nei de post. Ik wol alle postbesoargers fan Nederlân dan ek nochris in kear tanksizze."

Yn Molkwar hinget de húskeamer yntusken fol kaartsjes

Trefwurden: 
Molkwar postboade
(Advertinsje)
(Advertinsje)