Alliade sit by earste proeflichting coronafaksinaasje âlderein en beheinden

Nei de soarchmeiwurkers binne no ek de âlderein en minsken mei in beheining oan bar om yninte te wurden tsjin it coronafirus. Moandei set in proef útein mei tsien soarchorganisaasjes dy't begjinne mei faksinearjen. En dêr heart de Fryske soarchgroep Alliade ek by. By sân fan dy syn lokaasjes krije hast 1200 kliïnten takom wike it BioNTech/Pfizer-faksin.
© Shutterstock
Der is spesjaal foar Alliade keazen omdat de organisaasje kombininearre soarch jout, oan âlderein en oan beheinden, tinkt direkteur Mieke Draijer. It giet om in proef om te sjen hoe't it allegearre logistyk te regeljen is.

Tastimming

Alle kliïnten moatte yn it foar tastimming jaan. As se it sels net kinne, dan harren fertsjintwurdigers. Dêrfoar gean brieven de doar út. As dy net gau genôch weromkomme, sil der achteroanbelle wurde, want der moat wol antwurd komme en der is haast by.

Rap wurkje needsaaklik

De faksins komme fan it UMC yn Grins yn fleskes. Dêr moatte ynjeksjenullen fol út helle wurde. Ek dêr is haast by. It faksin moat binnen fjouwer dagen nei ûntteien tatsjinne wurde en de spuiten kinne ek net langer as in pear oeren lizzen bliuwe. Om alles yn goede banen te lieden hawwe se by Alliade in apoteker yn tsjinst en kundich ferpleegjend personiel.

Faksinaasje op lokaasje

Doel is om op de lokaasjes sels te faksinearjen. De útkeazen kliïnten krije no earst in spuit, de oaren binne nei ferwachting hiel gau oan bar, seit Draijer. It ministearje hat it oer de wiken dêrnei, mar dan moat de oanlevering fan de faksins yn Nederlân wol slagje.

Gau fol

In diel fan it personiel fan de âldereinsoarch is al oproppen foar de coronaspuit. It siet al sa gau fol dat net elkenien in ôfspraak meitsje koe.
Dat de kliïnten no foar gean bestjut dat it oare personiel wachtsje moat op faksinaasje. Dat fine in soad personielsleden spitich, want se sitte te springen om it faksin. Mar oan de oare kant binne guon meiwurkers ek bang om kliïnten te besmetten. Dat kliïnten foar gean, en fine in soad meiwurkers ek wol wer prachtich.
Mieke Draijer, direkteur soarchgroep Alliade