Soarchkoepel wol mear maatregels: minder besite en faker teste

14 jan 2021 - 19:09

It besitebelied yn de Fryske soarchsintra moat stranger en der moat folle mear test wurde. Dêrfoar pleitet Jan Maarten Nuijens, bestjoerder fan de KwadrantGroep. Yn soarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean is de Britske fariant fan it firus fêststeld by minstens twa bewenners.

Jan Maarten Nuijens

We moatte mei ús allen wach wêze, seit Nuijens. "Niet alleen binnen de KwadrantGroep, maar in heel Fryslân." Hy pleitet foar mear maatregels. De Fryske soarchynstellingen ha dêr tongersdei oerlis oer hân. "Een maatregel is om het bezoek aan de locaties te verminderen. Verder willen we veel intensiever medewerkers en cliënten testen, dat moet in een veel hogere frequentie en bij herhaling. Je kunt vandaag testen, maar morgen besmet zijn. Om daar bovenop te zitten, moet dat testbeleid geïntensiveerd worden."

45 fan de 108 bewenners posityf

Yn totaal binne no 45 bewenners fan 't Suyderhuys posityf test op it coronafirus. Yn alle gefallen twa dêrfan ha de Britske fariant. Dy is tige besmetlik. De GGD giet der fanút dat 21 oaren dy fariant ek ha. Der wenje yn totaal 108 kliïnten.

Foto: Ben de Jager, RTVNOF

Dat de Britske coronafariant fêststeld is by soarchsintrum 't Suyderhuys is in grutte skrik foar bewenners, famyljeleden en meiwurkers, seit Nuijens. "Het is een aannemelijke verklaring voor het grote aantal besmettingen in 't Suyderhuys en een verdrietige vaststelling", seit er. "We betreuren dit zeer."

Se wienen der by de KwadrantGroep al benaud foar dizze útbraak. "Dat was waarschijnlijk ook de reden dat we op zo'n hoog aantal besmettingen zitten."

Nijs komt hurd oan

"It nijs fanút 't Suyderhuys komt hurd oan", seit boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen. "As gemeente stypje we wêr't we kinne. Wat we no mei mekoar dwaan moatte, is optrede tsjin it firus. Wa't klachten hat, moat in test dwaan litte. We ha al langere tiid te krijen mei corona, mar dit is fan in oare oarder."

Margreet de Graaf oer de situaasje yn Surhústerfean

Maatregels folgje

De Fryske GGD ropt ynwenners fan Fryslân op om de maatregels te folgjen, no't de Britske fariant ek yn Fryslân fêststeld is. "Dizze mutaasje is tige besmetlik, dus foar elkenien jildt dat de oardel meter ôfstân, it dragen fan mûlkapkes, hanwaskje, en thúsbliuwe by klachten fan grut belang is", seit Margreet de Graaf fan de GGD.

(Advertinsje)
(Advertinsje)