Britske coronafariant yn soarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean

14 jan 2021 - 17:27

De tige besmetlike Britske fariant fan it coronafirus is fêststeld by op syn minst twa bewenners fan wensoarchsintrum 't Suyderhuys yn Surhústerfean. Dat meldt de KwadrantGroep, dêr't it wensoarchsintrum ûnder falt. By 21 oare bewenners dy't ek posityf test binne op it coronafirus, giet de GGD derfan út dat se de besmetlike fariant ek ha.

Foto: Ben de Jager, RTVNOF

Yn totaal binne der no 45 bewenners fan 't Suyderhuys posityf test op it coronafirus. Twa dêrfan binne ferstoarn. By mear as 40 meiwurkers fan 't Suyderhuys is it firus ek fêststeld.

De eangst foar de Britske fariant is sa grut, omdat dy folle besmetliker is. De R - dat is it reproduksjegetal - leit folle heger as it firus dat hjir no omgiet. Dêrfan is de R 0,9. Fan de Britske fariant leit dy tusken de 1,3 en de 2. Dat betsjut dat ien persoan tusken de 1,3 en 2 oaren besmette kin. En dan giet it hurd.

De Britske fariant is net gefaarliker of deadliker as it oare coronafirus. It gefaar sit him yn de oantallen. As mear minsken besmet wurde, sil de druk op de soarch fierder tanimme.

Yn 't Suyderhuys is op dit stuit gjin besite mooglik. Bewenners moatte op de eigen keamer bliuwe. Meiwurkers wurkje folslein beskerme by alle bewenners, dus mei in mûlkapke, moffen, in spatbril en in skelk mei lange mouwen. Ien part fan it personiel fersoarget allinne de bewenners dy't besmet binne, en in oar part de oare bewenners.

De bewenners fan 't Suyderhuys sitte al sûnt 8 jannewaris yn karantêne. Doe is by tolve bewenners en fjirtjin meiwurkers it coronafirus fêststeld. It firus bleau net beheind ta ien ôfdieling, mar fersprate him oer it folsleine hûs. Yn de dagen dêrnei griep it firus noch mear om him hinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)