RIVM meldt mear besmettingen yn Fryslân as trochsneed

14 jan 2021 - 15:19

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 241 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne santich mear as woansdei, doe't 171 gefallen meld waarden. It deistige trochsneed de ôfrûne wike is 218.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Smellingerlân mei 42 besmettingen. Dêrnei komt Súdwest-Fryslân mei 41. Omrekkene nei it tal ynwenners binne de ôfrûne wike de measte besmettingen meld yn Achtkarspelen, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel.

Ien nij stjergefal

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren 1 nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus, dat giet om in ynwenner út Súdwest-Fryslân.

Der binne trije nije pasjinten yn it sikehûs opnommen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren, ynwenners fan Ljouwert, Weststellingwerf en Noardeast-Fryslân.

Lanlik bytsje boppe trochsneed

Lanlik binne de ôfrûne 24 oeren 6.575 besmettingen fêststeld, krekt wat mear as trochsneed.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)