Reedrydbûn KNSB set definitive streek troch maratonseizoen

14 jan 2021 - 17:14

Der is dit jier definityf gjin maratonriden. Dat meldt it reedrydbûn KNSB. It bûn sjocht gjin mooglikheid om de wedstriidkalinder rûn te krijen, sjoen de resinte corona-situaasje.

Jorrit Bergsma op de maraton yn de klean fan A-Ware - Foto: www.orange-pictures.nl

"Dit doet ongekend veel pijn en niet alleen bij mij, want dit is vooral een klap voor de rijders en alle mensen die bij het marathonpeloton betrokken zijn", seit technysk direkteur Remy de Wit fan de KNSB. "Het was een heel lastig besluit, ik heb hier ook niet van geslapen vannacht. Maar het is helaas onvermijdelijk."

It bûn hat lang hope dat it maratonriden noch taheakke wurde soe oan de list mei topsportkompetysjes dy't opnij begjinne mochten. Oare sporten mochten wol los, mar it ministearje fan Folkssûnens en Sport hat it fersyk fan de KNSB ôfwiisd.

"Als wij in december bij die eerste tranche hadden gezeten, zouden we nu al weer enkele weken aan het schaatsen zijn geweest," seit De Wit. "Nu blijven we aan de kant staan. Als je kijkt naar de coronasituatie in het land snap ik dat we moeten stoppen. Maar als je ziet welke andere sporten wel weer los mogen, dan vind ik dit heel frustrerend."

Kompetysjemanager Willem Hut oer it beslút

(Advertinsje)
(Advertinsje)