HEA! Tophynst Beart 411 bliuwt thús

Hy wurdt dit jier al 21 jier, mar is noch altyd in topper. Dat seit eigener Rudy Rienstra oer de Fryske tophynst Beart 411. Rienstra hat Beart yn eigendom mei de bruorren Van Manen út Ede yn Gelderlân. Dêr stiet de Fries ek op stâl. De Hynstekeuring yn Drachten slacht Beart dit jier oer. It is in soad reizgjen en boppedat is der dit jier gjin publyk by fanwege corona. En dat hat Beart as publykshynder krekt nedich om him op syn moaist te toanen.
HEA! Beart 411