Jouke Douwe de Vries nominearre foar 'Bêste lokale bestjoerder fan 2020'

14 jan 2021 - 13:55

Wethâlder fan de gemeente Noardeast-Fryslân Jouke Douwe de Vries is nominearre foar 'Beste lokale bestuurder 2020'. Dat makke de organisaasje fan de ferkiezing, Binnenlands Bestuur, tongersdei bekend.

Foto: Twitter Jouke Douwe de Vries

Fan eltse provinsje is ien bestjoerder nominearre, en ek is immen fan de wetterskippen nominearre. De lêzers fan Binnenlands Bestuur, in platfoarm foar bestjoerders en amtners, kinne harren stim op ien fan dizze trettjin nominearden útbringe.

Opfallend is dat der, yn dit jier dat boargemasters tige wichtich wiene, gjin inkele boargemaster nominearre is foar de titel Bêste Bestjoerder fan 2020.

De bekendmakking fan de winner is op 4 febrewaris.

(Advertinsje)
(Advertinsje)