Hynstekeuring yn oanpaste foarm: net mear neffens katalogus, mar stâl nei stâl

14 jan 2021 - 13:08

De hynstekeuring fan it keninklik Frysk hynstestamboek (KFPS) is dit jier oars as oars fanwege de corona. Sûnder publyk en de hynsten wurde net mear op folchoarder fan katalogus kard, mar per stâl. As de minsken fan de iene stâl fuort binne, meie pas de folgjende komme. Sa moat foarkaam wurde dat tefolle minsken tagelyk op de lappen binne.

In eardere keuring - Foto: Omrop Fryslân

It jier 2020 ek in nuver jier foar Keninklik Frysk Hynste Stamboek. Hast alle konkoersen en dressuerwedstriden giene fanwege corona net troch. En ek de keuringen fan hynders yn it bûtelân fanút Nederlân wienen hast net mooglik. Dochs waarden dit jier yn Nederlân in hiel soad hynders foar it stamboek keurd en ek de hannel yn hynders belibbe gouden tiden.

Sneon kampioenskeuring

Tsjin alle ferwachtings yn giet de jierlike hynstekeuring dizze wike wol troch. Trije dagen wurde Fryske hynders keurd troch saakkundigen fan it stamboek, mei as grutte klapper de kampioenskeuring takom sneon.

Bedriuwsaktiviteit

Direkteur Ids Hellinga fan it Frysk hynstestamboek sjocht de keuring as in bedriuwsaktiviteit. "Dit dogge wy it hiele jier al, mei coronarestriksjes. De keuring is sa ynrjochte dat der net folle minsken tagelyk by binne. It is fan grut belang dat de keuring en seleksje fan dekhynsten trochgiet. Foar de eigeners is it wol ferfelend dat se net by de keuring fan harren eigen hynsten wêze kinne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)