FIDEO: Bliere stiennen binne de nije 'bearejacht'

14 jan 2021 - 12:22

Wylst de bern yn de earste lockdown harsels fermakken mei de jacht op knuffelbearen, binne it dizze kear bliere stiennen dy't foar ferdivedaasje soargje moatte. De trend bestiet al langer, mar komt no sa stadichoan ek yn Fryslân fan de grûn. Op It Hearrenfean binne Sybrig Tolsma en Thessa Punter de oanjagers fan de Happy Stones. Mei harren bern sutelje se gauris beskildere stiennen út, om se dêrnei op Facebook yn de gaten te hâlden.

Happy Stones

(Advertinsje)
(Advertinsje)