Kolleezje Súdwest-Fryslân wol mei Patyna om tafel oer sluting keukens

It kolleezje fan de gemeente Súdwest-Fryslân wol mei soarchorganisaasje Patyna om tafel oer it plan om de keukens fan ferskate lokaasjes te sintralisearjen. Wethâlder Gea Wielinga (CDA) seit dat it kolleezje 'net lokkich' is mei it plan en neamt it in 'minne set' fan Patyna.
© creative commons
Patyna is fan plan om tolve reguliere keukens te sluten en it itensieden werom te bringen nei ien sintrale lokaasje yn Boalsert. De soarchynstelling wol mear as in miljoen euro besunigje mei de maatregel.

Petysje

Dat skeat by in soad personielsleden en bewenners yn it ferkearde kielsgat. De sintralisearring soe de kwaliteit fan it iten nei ûnderen bringe en boppedat is it kredo 'tichter by de kliïnt' neffens harren folslein net fan tapassing.
Op Facebook binne in soad lilke reaksjes op de foarnimmens. Der waard in hantekenaksje opset om de sintralisearring tsjin te gean. Dy is yntusken al tûzenen kearen ûndertekene.

Fragen

De FNP yn Súdwest-Fryslân stelde krityske fragen oer de kwestje. De partij wol witte oft it kolleezje de soargen dielt en ree is om op hiele koarte termyn yn oerlis te gean mei de direksje fan Patyna, "om de negative gefolgen fan it sluten fan keukens yn de hûzen te besprekken", sei FNP-wurdfierder Tryntje Albada: "Mei as doel it 'voorgenomen besluit' net út te fieren."
Wethâlder Wielinga seit dat it kolleezje 'net lokkich' is mei it plan en hat tasein dat se yn petear gean mei Patyna oer benammen it sosjale aspekt en belang fan in keuken yn de fersoargingshûzen. It wachtsjen is no op it beslút fan de kliïnteried fan Patyna.