CDA Ljouwert wol hoareka wer frijstelle fan prekariobelesting

14 jan 2021 - 11:16

De CDA-fraksje yn de gemeente Ljouwert wol de hoareka yn coronatiid opnij yn 'e mjitte komme troch har frij te stellen fan prekariobelesting, de belesting oer har terrassen. Dat die de gemeente yn july ôfrûne jier ek al. Der is in útnûging stjoerd nei de ferantwurdlike wethâlders om it foarstel te bepraten.

Hoareka yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Alle hoareka yn Nederlân is sûnt 15 oktober ferplicht ticht en sil dat sawiesa oant febrewaris noch bliuwe. De CDA-fraksje seit in soad sinjalen te krijen fan lokale ûndernimmers, wêrûnder hoareka-ûndernimmers, dy't oanjouwe it swier te hawwen. It is foar harren ûndúdlik hoe lang oft dizze situaasje duorjen bliuwt.

"De ondernemers zijn flexibel, creatief en zeer volhardend maar het houdt een keer op", seit CDA-riedslid Abel Reitsma. "Ondanks alle regelingen gaan veel toch ten onder en dat proberen we te voorkomen. Met deze maatregel willen we ondernemers net als vorig jaar extra ondersteuning geven."

Gruttere terrassen

De regeling fan foarich jier wie in sukses, hoareka-ûndernimmers koene in part fan harren ferliezen dermei goedmeitsje. De gemeente Ljouwert besocht de hoareka earder, doe't dy noch wol iepen wêze mochte, ek yn 'e mjitte te kommen troch harren tastimming te jaan om harren terrassen út te wreidzjen.

Hoarekaûndernimmers yn Ljouwert en sa'n fyftich oare plakken yn Nederlân drigen yn desimber om op 17 jannewaris harren doarren iepen te setten, ek al gie dat yn tsjin de coronamaatregels fan it kabinet. Se seine gjin fertrouwen mear te hawwen yn it kabinet, om't stipe fan de oerheid útbleau. Letter lutsen se dat plan lykwols yn, om't it kabinet mei nije stipemaatregels kaam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)