Asscher opstapt as PvdA-kandidaat-listlûker, "grut ferlies foar de partij"

Lodewijk Asscher is opstapt as kandidaat-listlûker fan de PvdA en dat is "in grut ferlies foar de partij". Dat seit Roelof Veldhuis, foarsitter fan it Fryske PvdA-gewest. Asscher lei ûnder fjoer by in part fan syn partij fanwege syn rol yn de taslagge-affêre.
It folsleine ynterview mei Veldhuis:
De leden fan de PvdA soenen Asscher kommend wykein op it partijkongres beneame as listlûker. Dat giet no net mear troch. Yn in fideo seit Asscher dat de PvdA 'essinsjeel' is foar in earlikere takomst, mar de diskusje dy't no spilet oer Asscher makket it foar him net mooglik om listlûker te wêzen.

"Grut fan Asscher"

"It is spitich, want Asscher is is in geweldige lieder en in grut debater mei in soad kennis", seit Veldhuis. "Asscher hat sein dat net ien grutter is as de partij. Dat is grut fan him."
"Hy hat in goed foarbyld jûn. Ik rop it kabinet ek op om ôf te gean, meitsje skjin skip. Litte we no ris mei in skjin laai begjinne." Veldhuis sjocht Twadde Keamerlid Lilianne Ploumen as de geskikte opfolger foar Asscher. "Ik tink dat sy it bêste is. Mar dat is myn priveemiening."
Oare nammen dy't neamd wurde, binne dy fan boargemaster fan Rotterdam Ahmed Aboutaleb en vicefoarsitter fan de Europeeske Kommisje Frans Timmermans. "Dat binne twa kanjers. Sy soene it goed dwaan kinne, mar oft se beskikber binne, witte we net."
Roelof Veldhuis, foarsitter fan it Fryske PvdA-gewest
Lodewijk Asscher © ANP
Niet Asscher was hoofdschuldige, maar afschuif-politici als Wiebes en Rutte zelf in dit kabinet.
PvdA-Steatelid Jaap Stalenburg
Steatelid Jaap Stalenburg seit dat Asscher ferantwurdlikheid nimt mei syn beslút. "Een scherp contrast met de minister-president, die politieke spelletjes speelt rond de toeslagenaffaire", skriuwt Stalenburg op Twitter. "Niet Asscher was hoofdschuldige, maar afschuif-politici als Wiebes en Rutte zelf in dit kabinet."

Rol fan Asscher

Asscher wie yn it foarige kabinet minister fan Sosjale Saken. Yn dy rol wie er meiferantwurdlik foar wat der misgongen is yn de taslagge-affêre. Asscher hat ekskuzen oanbean foar syn rol. Yn de fideo fan tongersdei seit er dat de "democratie meer is gediend met zelfreflectie dan met brute verontwaardiging".
Ta beslút fan syn ferklearring seit Asscher dat er dernei útsjocht om "op een andere manier op een andere plek op een ander moment de samenleving te dienen".

Kabinet praat freed

Freed praat it kabinet oer de politike gefolgen fan de taslagge-affêre. Ferskate politisy en slachtoffers roppe it kabinet op om op te stappen.