Persoan smyt swier fjoerwurk op hûs Drachten; plysje siket tsjûgen

14 jan 2021 - 10:40

In stik swier fjoerwurk hat woansdeitejûn foar behoarlike skea soarge oan in hûs yn Drachten. Om kertier foar tsienen waard der oer it sket fan it hûs oan de Melkkelder in cobra smiten.

It fjoerwurk kaam tsjin de foardoar oan. Doe't de bewenner fan it hûs de doar iepen die om te sjen wat der oan de hân wie, ûntplofte it fjoerwurk. It dûbelde glês fan de foardoar fleach derút en in túnbank rûn ek skea op. De plysje sprekt fan gelok dat der gjinien ferwûne rekke is.

De bewenner hat yntusken oanjefte dien. De plysje is dêrom op syk nei tsjûgen. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne kontakt opnimme mei de plysje fia 0900-8844 of anonym fia 0800-7000.

(Advertinsje)
(Advertinsje)