FIDEO: Earste dei fan de Hynstekeuring fan KFPS

14 jan 2021 - 15:03

De jierlikse Hynstekeuring fan de KFPS, de Koninklijke Vereniging "Het Friesch Paarden-Stamboek", is trije dagen lang te folgjen by Omrop Fryslân om't der dit jier - fanwegen corona - gjin publyk by wêze kin yn Drachten. It hiele evenemint is fan 14 oant en mei 16 jannewaris live te folgjen. De earste twa dagen, tongersdei en freed, fia meartalige livestreams op de webside en de Omrop-app en de lêste dei, sneon, ek op telefyzje.

Op tongersdei 14 en 15 jannewaris stiet de twadde besichtiging fan de jonge hynsten sintraal. Yn de earste besichtiging healwei desimber kwalifisearren 112 hynsten har foar de twadde stap op wei nei in mooglike karriêre as stamboekhynst. Dêr binne no noch 97 fan oer, dy't oan de keuring meidogge.

De keuring is streekrjocht te folgjen fia livestreams fan 09.30 oere ôf yn it Dútsk, Ingelsk en Nederlânsk.

Hynstekeuring - Foto: Omrop Fryslân

Finaledei op sneon

Sneon 16 jannewaris begjint de striid tusken de stamboekhynsten. De spektakulêre Matthys 504 wie de algemien kampioen fan 2020, soe it him dit jier noch in kear slagje? De bylden fan de paradearjende hynsten binne fan 09.00 oere te folgjen op telefyzje en fia de livestreams op de webside en de Omrop-app.

Omrop Fryslân-presintator Gerrit de Boer en saakkundige Henk Dijkstra fersoargje foar de telefyzje-útstjoering it kommentaar

Hynstekeuring 2021 by Omrop Fryslân

  • 14 & 15 jannewaris fan 09.30 oere ôf fia de livestreams
  • 16 jannewaris fan 09.00 oere ôf op telefyzje en fia de livestreams
  • 16 jannewaris om 21.00 oere en 17 jannewaris om 09.00 en 11.00 oere in kompilaasje op tv, jûns ek noch in koartere kompilaasje fan 17.30 oere ôf
  • tv-programma Hea! sjocht foarút op de Hynstekeuring mei reportaazjes oer 'hynstefamke' Anna Maaike Fokkema en hynst Beart 411. Ek yn oare programma's en online binne moaie ferhalen te hearren en te sjen oangeande de Hynstekeuring, bygelyks oer foarbringers.

Sjoch foar alles oer it Frysk hynder ek op Omropfryslan.nl/hynstekeuring.

(Advertinsje)
(Advertinsje)