Mear as 10.000 euro ophelle mei crowdfunding foar wolvestek

Yn noch gjin wike is der al mear as 10.000 euro ophelle mei de crowdfundingsaksje foar in wolvestek om Fryslân. In wike lyn kamen fiif boeren, feriene yn de stichting Wolvenhek Fryslân, mei it plan foar in stek op de Fryske provinsjegrins om de wolf bûten de doar te hâlden. Om harren plan te finansierjen, besochten se jild yn te sammeljen.
© Shutterstock
Dat der yn koarte tiid in soad jild ophelle is, toant neffens Jehan Bouma, foarsitter fan stichting Wolvenhek Fryslân, oan dat der in soad stipe is foar it plan: "De start is absolút boppe ferwachting, ek om't ús Facebookside noch net iens yn 'e loft is, en we pas ôfrûne moandei begûn binne om WhatsApp-berjochten te fersprieden."
De stichting wol it stek op de Fryske provinsjegrins om't der de ôfrûne tiid ferskate kearen skiep deabiten binne. "Veel dieren zullen binnen 10 jaar uit de wei verdwijnen door de snelle en ongelimiteerde uitbreiding van de wolf", seine de feehâlders yn de stichting. "It is in kar: of de wolf, of it fee yn it lân", sa seit Jehan Bouma, de foarsitter fan de stichting.

Soad krityk

Der kaam ôfrûne wike lykwols in soad krityk op it plan, út de polityk en fan wolvesaakkundigen. Dy sizze datst de wolf net bûten de doar hâlde kinst mei in stek.
Yn juny tsjinnen fjouwer provinsjale partijen in moasje yn tsjin de komst fan de wolf yn Fryslân. Fiif moanne letter sei deputearre Klaas Fokkinga fan de FNP lykwols dat der gjin maatregels naam wurde kinne yn ferbân mei Europeeske wetjouwing.
It stek moat sa'n oardel meter heech wurde en wurdt oer 150 kilometer provinsjegrins lutsen. De plannen kostje neffens de stichting oardel oant twa miljoen euro.