Kollum: "Mantgum II"

"Ik wie it absolút net fan doel, want wêr giet it yn fredesnamme oer, mar ik kom no dochs even werom op myn kollum fan ferline wike oer de nijbou by Mantgum. De reaksjes op dy kollum begûnen nammentlik al gau bizarre foarmen oan te nimmen.
Botte Jellema © Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Ik skreau oer de plannen om by Mantgum tolve wenten te bouwen, neidat der ferline wike in stik oer yn De Volkskrant stien hie. Ut dat artikel en út de stikken yn it argyf fan de Omrop oer dit ûnderwerp, kaam it byld nei foaren dat ik op dit plak sketst ha: wat in raar ferhaal en moat Mantgum syn knopen net telle. In doarp fierderop bygelyks, it ferneamde Jorwert, ferliest kommend simmer de basisskoalle om't der te min bern op sitte. Fryslân krimpt. Der binne doarpen dy't in moard plege soene foar útwreiding, wie it net dat in moard pynlik ynteare soe op harren ynwennertal.
Deis nei myn kollum kaam by de Omrop in parseberjocht binnen fan FNP Ljouwert, kop: 'Goed mis, Botte Jellema!' Ik hie sein dat de FNP by de tsjinstanners fan de nijbou heart, mar: 'Mis, Jellema, de FNP is foar it bouwen op doarpen en is boppedat in partij, dy't inisjativen fan ûnderen op graach stipet.'
Opfallend, want der is in berjocht fan de Omrop fan augustus ferline jier dêr't yn te lêzen is dat de FNP wol dat de gemeente Ljouwert de plannen om tolve wenten te bouwen yn Mantgum stilset. Boarne: in parseberjocht fan de FNP, mei letterlik dat as earste sin. Ut in doarpsenkête yn 2014 die bliken dat der behoefte wie oan frijsteande wenten yn Mantgum, mar de FNP miende fan net en woe boppedat dat der in nije lokaasje socht wurdt.
Foar in trajekt dat rêstich tsien jier duorret, is dat in nekslach, dus dat is wat oars as 'in pas op de plaats'. No sizze dat de FNP wól posityf is oer it plan fyn ik gek. It stiet swart op wyt dat dit se dit stopje woene en dat ha ik net betocht. De FNP slút de reaksje op myn kollum ôf mei 'Miskommunikaasje en foute ynformaasje oer sa'n gefoelige kwestje yn in doarp, dêr hat net ien wat oan! Dan is it as oalje op it fjoer! Spitich, dat sa'n kollum sa wurket!' Mei efter elke sin in útropteken.
In twadde reaksje op de kollum wie in brief fan arsjitekt Nynke-Rixt Jukema. Se skriuwt dat se djip misledige is troch myn ferhaal. No spyt my dat om te hearren, mar Jukema stekt sels har nekke út troch har mei dizze saak yn har doarp Mantgum te bemuoien. Se liet har ek ynterviewe troch De Volkskrant. Dan fiel ik net de oanstriid om mofkes oan te lûken.
Jukema mailde my dat de sjoernalist fan De Volkskrant sein hat dat syn stik net oer Mantgum gean soen; dat hy it stik net foar publikaasje oan har foarlein hat; en dat hy har wurden yn 'e mûle lein hat. En dan bedoelt se har útspraak dat je oarloch krije op it plattelân as gemeenten samar bouwe op pachterslân.
Noch even los fan it feit dat gemeenten al iuwen bouwe op lânbougrûn, is dat nochal in útspraak, seker yn dizze tiid fan boereprotesten. Om mei de FNP te sprekken: oalje op it fjoer. Ik ha ien en oar even checkt mei de Volkskrant-sjoernalist yn kwestje, en dy seit dat hy syn artikel foarôf wol deeglik fia Jukema har doarpsgenoat en mei-tsjinstanner Schaap, mei har dield hat. En dat sy tegearre dêr net allinnich ek op reagearre ha mei suggestjes foar oanpassingen of oanfollingen, mar ek dat neat dêrfan oer de oarloch-útspraak gie.
Dat Jukema al har korrespondinsje mei my ek op Facebook set, dêr't de oare kant fan it ferhaal dus net te lêzen is, en se de meast stjonkende fertochtmakkingen fan my yn 'e reaksjes dêr by struktureel sit te liken, helpt ek net echt, kwa sympaty.
Mantgum hat hjir fansels hielendal neat oan. Yn gelul kinne je net wenje, sa't in ferneamde Amsterdammer ea sei. Der wie by de Omrop ek in reaksje fan in Mantgumer dy't skreau dat ik it ferline wike wol aardich gearfette hie. En dat de measte Mantgumers foar nijbou binne en de nijkommers yn it doarp wolkom binne. Gelokkich.
Sa wurket in kollum, FNP. Mar ik betankje derfoar om de boksbal fan Mantgum te wurden. Der sitte dêr in pear minsken dy't harrensels tsjinsprekke, wat datst de media of my net ferwite kinst. Sy ha in probleem, en sûnder dat ik it wist, gie ik mei myn kollum op in pear lange teannen stean. Nee, ik skilje de FNP'er net dy't my ominous berjochte dat ik even belje moast. Dit giet net oer my en ek net oer de media. Sukses mei de yntrospeksje."