Hynstekeuring fan start yn Drachten; sûnder entûsjast publyk en mei strang coronaprotokol

De jierlikse hynstekeuring fan it Koninklijk Fries Paarden Stamboek, it KFPS, giet dizze tongersdei fan start yn it Fries Congrescentrum yn Drachten. Dat de keuring hâlden wurdt, is opfallend yn in tiid dat alle evenminten skrast binne. Ek by it stamboek is lang twivele oft de keuring wol plakfine koe, seit Marijke Akkerman, de driuwende krêft achter de organisaasje fan de keuring. Nei wiidweidich oerlis mei de gemeente Smellingerlân en in strang coronaprotokol is besletten dat de keuring trochgean kin.
Hynstekeuring © Omrop Fryslân
De keuring is oars as oare jierren. Allerearst is de lokaasje in oare. Gewoanwei wurdt de keuring hâlden yn it WTC yn Ljouwert yn stee fan Drachten. En der sitte gjin 9.000 entûsjaste taskôgers op de tribune. Taskôgers binne net tastien.
Ek it tal minsken dat oan de keuring meidocht, is ta in minimum werombrocht. Sa meie eigeners of fokkers net by it evenemint oanwêzich wêze. Allinnich de foarbringers meie de hal yn. Yn totaal kinne der maksimaal 30 minsken yn de hal oanwêzich wêze, oanfolle mei de meiwurkers fan it kongressintrum.
"It is hiel oars as oars. We ha oars in enoarm draaiboek, mar it draaiboek foar no hienen we net paraat", seit Marijke Akkerman. "De coronamaatregels meitsje it wol yngewikkeld. We ha in soad oerlein mei de gemeente." Ofrûne simmer ha se ek al in soad online-keuringen dien. "We wisten al in bytsje hoe't it moast, mar it is in enoarme útdaging." It is ek wennen dat by it foarbringen gjin reaksje fan it publyk komt. "Dat jout in oare sfear, mar elk is wol bliid dat it trochgiet."
De ôfrûne dagen binne al in tal demonstraasjes en huldigingen hâlden yn de hal of op lokaasje by de eigener fan de hynders. Opnames hjirfan binne de kommende dagen tusken de keuringen troch te sjen.
Marijke Akkerman
"It hiele jier moasten we al kreatyf neitinke," seit Ids Hellinga, direkteur KFPS. "Oan de ein fan it jier koenen we fêststelle dat we sels mear hynders keurd hienen as foargeande jierren."
Gewoanwei ferkeapje se 25.000 kaarten. "En dan sitte der 150.000 minsken oer de hiele wrâld foar ynternet en telefyzje te sjen. Dus foar dy minsken feroaret der eins neat. Dêrom sette we it ek sa troch." Fansels hopet er dat it mar foar ien jier is. It kin sels ynfloed ha op de útslach, dat hynders oars reagearje omdat der no gjin publyk is.
Ids Hellinga, direkteur KFPS
Hynstekeuring 2021 by Omrop Fryslân
Sjoch foar alles oer it Frysk hynder ek op Omropfryslan.nl/hynstekeuring.