Dosinten Marne College stekke mei soppakketten learlingen hert ûnder de riem

Learlingen fan de earste klasse fan it Marne College yn Boalsert kinne dizze tongersdei in dosint op de stoepe ferwachtsje. Net om op húswurk te kontrolearjen, mar om in soppakket lâns te bringen. Mei dizze ludike aksje wolle de dosinten de learlingen en harren âlden yn dizze drege coronatiden in hert ûnder de riem stekke. It giet om goed 220 pakketten.
Dosinten Marne College stekke mei soppakketten learlingen hert ûnder de riem
Neffens inisjatyfnimmer Hilbrand Visser fan it Marne College kinne de learlingen en harren âlden wol wat stipe brûke: "Wy fine it allegear mar neat dat we yn lockdown sitte. Alle begryp fansels, mar efkes in hert ûnder de riem like ús op syn plak."
Mar wêrom dan krekt in soppakket? "Dat hat mei ferskillende saken te krijen", ferklearret Visser. "'Alles loopt in de soep', dat is in oanlieding. Mar ite moatte je dochs, ek mei elkoar. Dus wy tochten: wat soe it moai wêze as ús learlingen foar harren âlden, dy't it ek dreech hawwe, thús wat betsjutte kinne. Wat minder skermtiid, de hannen út 'e mouwen en lekker 'kokkerellen'."

Meiwurkers entûsjast

It is nochal in ûndernimming om by de goed 220 learlingen del te gean. "It is by sa'n aksje altyd sjen oft it slagget. Mar doe't we de aksje oankundigen op skoalle, wiene der binnen in oere tsien oant fyftjin kollega's dy't seinen dat se meidwaan woene", fertelt Visser. "Yntusken sitte we op goed tweintich kollega's, dus 'vele handen maken licht werk'." Der binne tongersdei tweintich rûtes útstippele, mei elts tsien oant fyftjin learlingen.

#marnesoep

De soppakketten moatte de learlingen op ôfstân ek tichterby elkoar bringe. "Learlingen soene bygelyks resinsjes diele kinne fan âlden of in foto fan harren kreaasje. We hawwe ek in hashtag, #marnesoep, yn it libben roppen om fia sosjale media bern ek de gelegenheid te jaan om te dielen wat se makke hawwe."
Visser: "It is yn dizze tiden sykjen nei in mienskipswêzen foar ús skoalle. Dit binne foarmen, mei in knypeach, om dochs mei elkoar te begripen dat it dreech is en dat we elkoar misse. Mei de soppakketten jouwe we de waarmte troch."
Hilbrand Visser oer de soppakketten