Trije Fryske bands op digitale Eurosonic/Noorderslag yn Grins

14 jan 2021 - 06:54

It festival Eursonic/Noorderslag yn Grins is woansdeitejûn úteinset. Bands en artysten út hiel Europa presintearje dêr alle jierren harren muzyk. Foar Fryslân binne dat dit jier: Delore, The Resurrection en Seewolf.

Trije Fryske bands op digitale Eurosonic/Noorderslag

Op de edysje fan dit jier binne folle minder acts te sjen en it is folslein online fanwege de coronamaatregels. Gewoanwei binne der op Eurosonic ek Fryske muzykfertsjintwurdigers te finen. Dy binne sûnt 2018 byinoar brocht mei oare acts yn it talintûntwikkelingstrajekt Hit the North. Fryslân, Grinslân en Drinte leverje elk trije, dy't in jier lang coaching en begelieding krije. En se spylje op Eurosonic.

Optredens ynkoarte

"Deze lichting van 2020 heeft vorig jaar gespeeld op Eurosonic/Noorderslag en zou het traject nu afronden, maar dat wordt dus digitaal", leit Paul Giesen fan it Popfabryk en Hit the North út. "Normaal krijgt de oude en de nieuwe lichting 30 minuten speeltijd, dat is nu teruggebracht tot 1 nummer per act, gecombineerd met interviews. Dat programma is vrijdagavond."

Ferrassing

De Fryske ynbring is dus Delore, The Resurrection en Seewolf. En dat kaam as in ferrassing, seit Seewolf-sjonger Dolf Kuiken. "We gingen er niet meer vanuit dat het nog wat zou worden. Twee weken geleden hoorden we dat het wel doorging."

It ôfrûne jier hat de band in soad online dien, mei webinars, online petearen mei minsken út de yndustry. De band hat wurke oan in nije plaat. "We moesten toch de studio in." It begjin fan it album is der en dat stiet dit jier ek op de planning. "De eerste single en clip komen dit jaar."

Foto: Seewolf

Paul Giesen en Dolf Kuiken

(Advertinsje)
(Advertinsje)