Muzykskoalle Burgum baalt fan ekstreme hierferheging en komt yn aksje

Muzykdosint Timme Koudstaal út Burgum is ferbjustere: syn muzykskoalle PopGroove, dêr't ûnder oare gitaar-, drum-, pianoles yn jûn wurdt, is ûnderbrocht yn 'buerthûs' Glinstra State yn Burgum. It bestjoer hat besletten dat de hiertariven mei yngong fan 1 septimber fan dit jier flink omheech gean. Foar de muzykskoalle betsjut dat in hierferheging fan 1.000 nei sa'n 2.800 euro yn it jier. En dêr giet er net mei akkoart.
© Omrop Fryslân, Karen Bies
"Ik ha yn de telefoanpetearen mei it bestjoer al oanjûn dat ik it hjir net by sitte lit en aksje ûndernimme sil. Ik bin op syk nei meistanners om in fûst te meitsjen tsjin de plande hierferheging."
En der binne neffens Koudstaal al minsken dy't meidwaan wolle. "Op it lêst steane wy wat my oanbelanget by de wethâlder op de stoepe ús ferhaal kenber te meitsjen. It begjint der no yn prizen op te lykjen dat it in soarte fan sealferhiersintrum wurdt. En ik pas derfoar om foar muzyklessen aanst 40 euro de healoere te freegjen. Ik wol ek graach lessen oanbiede foar minsken dy't dit soarte fan kulturele aktiviteiten minder goed betelje kinne."

Petearen rinne noch

Neifreegjen by it bestjoer fan Glinstra State leart dat men de hierferhegingen nedich achtet om troch te fieren. Se wolle net yngean op dat spesifike gefal om't neffens har de petearen noch rinne. Neffens wurdfierder Tineke Helmers hawwe se te krijen mei trije saken: "Wy moatte flink besunigje, de coronakrisis spilet mei en wy wolle in profesjonalisearringsslach trochsette."
Foar alle wolwêzensaktiviteiten wurdt de hierferheging 'trapsgewijs' trochfierd. Yn it eardere bûten binne gewoanwei sa'n 30 aktiviteiten. Se biede ûnderdak oan eigen stichtingsaktiviteiten (byg. lunchkafee), ferienings, bedriuwen en partikulieren, fêste hierders en fêste brûkers (byg. buertkeamer). Oft binnen Glinstra State breder ferset is tsjin de plande hierferheging is net dúdlik.
Timme Koudstaal