CBS: mear minsken yn de bystân troch corona, oandiel yn Ljouwert heech

14 jan 2021 - 06:00

Ut sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek docht bliken dat de coronakrisis al werom te sjen is yn it oantal minsken dat in bystânsútkearing oanfreget. Healwei 2020 krigen lanlik op eltse 1.000 ynwenners 18 minsken bystân. Dat leit heger as yn 2019. Yn Fryslân springt benammen Ljouwert derút mei in heech oandiel minsken yn de bystân.

Foto: ANP

Sûnt 2017 naam it oandiel minsken yn de bystân lanlik sjoen ôf, mar dêr is no dus wer feroaring yn kaam. It CBS hat de sifers berekkene sûnt 2009. Nei dat jier is it effekt fan de ekonomyske krisis ek te sjen yn it oandiel minsken dat bystân krijt. Nei 2017 begûn it oandiel wer te ôf te nimmen troch in pear jier fan ekonomysk werstel. It CBS jout wol oan dat der yn tsien jier in tal feroaringen trochfierd is yn it sosjale stelsel, lykas it ynfieren fan de Partisipaasjewet en oanpassingen yn de Wajong.

Ferskillen tusken gemeenten

As je it oantal bystânsûnfangers tusken 2019 en 2020 ferlykje, dan is it op de Waadeilannen it meast tanaam. Dêr is it oantal ynwenners lykwols ek hiel leech, dêrtroch kin it oandiel flink skommelje. Nei de eilannen folgje Hearrenfean en Harns, mei in prosintueel ferskil fan 6,2 en 4,5. Yn ferhâlding mei it oantal ynwenners is it tal minsken yn de bystân yn dy twa gemeenten it meast tanaam it ôfrûne jier.

Yn De Fryske Marren, Eaststellingwerf en Noardeast-Fryslân is it oandiel bystânsûntfangers just ôfnaam it lêste jier.

De bystânstichtens is it oandiel fan de befolking mei in bystânsútkearing, útdrukt yn it tal persoanen mei in algemiene bystânsútkearing op tûzen ynwenners. De tichtens is berekkene foar ein juny foar elts jier tusken 2009-2020.

Yn ferliking krigen froulju faker bystân as manlju yn de ôfrûne tsien jier. De bystânstichtens is leger ûnder jongelju tusken de 18 en de 27 jier. Yn de groep tusken 27 en 45 jier is de tichtens heger as it trochsneed fan alle leeftiden. Dat hat te krijen mei it feit dat dizze groep swierder troffen is troch de ekonomyske krisis, mar ek omdat de ynstream fan asylsikers meispilet.

Oandiel bystân op It Amelân leech, yn Ljouwert heech

It oandiel minsken yn de bystân ferskilt flink tusken gemeenten. Yn gemeente Amelân lei yn 2020 it sifer it leechste, dêr krigen noch gjin 2 op de 1.000 ynwenners in bystânsútkearing. Ljouwert is ien fan de acht gemeenten dy't just heart by de rige hege gemeenten mei 50 of mear bystânsûntfangers op tûzen ynwenners nei juny 2020. Oare gemeenten binne Rotterdam, Arnhem, Amsterdam, Heerlen, 's-Gravenhage, Enschede en Grins. Ljouwert stiet ûnderoan, op plak acht.

Sûnt 2009 is de bystânstichtens yn Ljouwert sterk tanommen: fan hast 33 nei 50 yn 2020. Dat is ek it CBS opfallen. Dêr moat wol by sein wurde dat de grutste taname tusken 2009 en 2011 wie. De tichtens gie yn de ôfrûne jierren wat op en del. Yn ferliking mei 2019 is it tanaam fan 49,9 ta 50,1. Ek moat der net fergetten wurde dat Ljouwert yn Fryslân in sintrumfunskje hat: troch minsken dy't nei de stêd ferhúzje, kin it byld ek fertekenje.

Oantal persoanen yn de bystân op 1.000 ynwenners yn Fryslân

Gemeente 2009 2019 2020 Prosintueel ferskil 2019-2020
Ljouwert 32,6 49,9 50,1 + 0,4
Harns 22,7 35,3 36,9 + 4,5
Smellingerlân 25,5 34,9 34,7 - 0,6
Hearrenfean 18,0 27,4 29,1 + 6,2
Súdwest-Fryslân 16,0 26,5 26,7 + 0,8
Dantumadiel 19,8 25,6 25,4 - 0,8
Waadhoeke 13,0 23,8 24,0 + 0,8
Achtkarspelen 20,4 23,8 23,6 - 0,8
Noardeast-Fryslân 17,7 23,4 22,9 - 2,1
Eaststellingwerf 13,3 23,2 22,7 - 2,2
Weststellingwerf 13,9 19,9 19,6 - 1,5
Opsterlân 15,3 19,2 19,5 + 1,6
De Fryske Marren 10,9 17,5 16,9 - 3,4
Tytsjerksteradiel 9,8 17,0 16,9 - 0,6
Skiermûntseach 3,2 8,5 9,5 + 11,8
Flylân 4,3 5,9 6,9 + 17,9
Skylge 3,6 2,9 3,5 + 20,7
Amelân 2,3 1,6 1,9 + 18,8
(Advertinsje)
(Advertinsje)