Al tûzenen hantekens sammele tsjin sluting keukens fan Patyna

13 jan 2021 - 22:04

As protest tsjin it sluten fan tolve reguliere Patyna-keukens en it werombringen fan it itensieden nei ien sintrale lokaasje yn Boalsert, hat Imko Kimm in petysje opset. Hy hat yntusken goed 1.000 hantekens byinoar. Dêrnjonken rint der ek in online petysje fan in anonime oare persoan, dy't al mear as 3.000 kear tekene is. Kimm wol de hantekens snein by soarchorganisaasje Patyna yn Snits ôfleverje.

Foto: creative commons

It bringen fan de hantekens sil hy mei syn partner dwaan, dy't yn in Patyna-wensoarchsintrum yn Snits wennet. Hoe en wat wol Kimm net bekend meitsje, om't it wol feilich barre moat yn coronatiid.

Op ynternet rint noch in oare petysje 'Houd de Patyna keukens open', dy't minsken mei harren gegevens of sosjale media-account tekenje kinne. It is net bekend wa't dizze petysje opset hat, mar hjir binne yntusken al mear as 3.000 hantekens garre.

Patyna wol mear as in miljoen euro besunigje mei de maatregel. In soad bewenners, famylje en meiwurkers wiene oerfallen troch it berjocht. Guon meiwurkers ferlieze harren baan troch de maatregel. Neffens it bestjoer fertsjinne de kommunikaasje net 'de schoonheidsprijs.'

Trefwurden: 
Patyna aksje soarch keukens
(Advertinsje)
(Advertinsje)