Deputearre Avine Fokkens sjocht foarearst ôf fan struktureel skrasse fan buslinen op plattelân

13 jan 2021 - 21:04

De provinsje Fryslân sil yn de coronakrisis gjin buslinen op it Fryske plattelân struktureel skrasse. Deputearre Avine Fokkens fan ferkear sei dat woansdei ta oan de steatekommisje. De provinsje wurket oan in 'transysjeplan' foar in slanker iepenbier ferfier yn Fryslân, omdat der sûnt it útbrekken fan de coronapandemy folle minder reizgers binne. Yn 2020 wie it tal reizgers de helte lytser as yn 2019. Fokkens hâldt der rekken mei dat it noch wol in pear jier duorje kin foardat it reizgersoanbod wer op nivo is. As ien fan de maatregels om te besunigjen wurde guon buslinen mei mar in bytsje reizgers tydlik skrast.

In bus fan Arriva - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Yn it foarstel fan Deputearre Steaten stiet ek it struktureel skrassen fan buslinen mei in bytsje reizgers as ien fan de opsjes. Yn de digitale steatekommisje gie dy opsje de steateleden Matthijs de Vries fan de ChristenUnie en Edou Hamstra fan de PvdA te fier. Deputearre Fokkens joech oan dat der 'miljoenen ferlern' wurde yn it iepenbier ferfier. "Het is noodgedwongen dat we nu ingrijpen", sei deputearre Fokkens. "Maar als de staten het woord structureel willen schrappen, dan doen we dat."

Steatelid Harry Graansma fan de PVV fynt dat busreizgers dy't mear jild kwyt binne, omdat de provinsje guon buslinen tydlik skrast en ferfangt troch in belbus of opstapper, ek troch de provinsje kompensearre wurde moatte. GrienLinks en de FNP fine it in sympatyk foarstel, mar de deputearre hat dêr muoite mei. "Ik zie graag dat de partijen die dat willen ook aangeven hoe we dat moeten gaan betalen", sei Fokkens. Neffens Matthijs de Vries fan de ChristenUnie kin dat jild wol fûn wurde yn de eigen coronamiddels fan de provinsje.

Steatelid Durk Pool fan de VVD wie kritysk op de oprop fan De Vries om gjin buslinen definityf te skrassen. "It ferfieren fan waarme lucht yn bussen sûnder reizgers tsjinnet gjin inkeld doel. Ik tink dat je pas ride moatte, as der reizgers binne en dat kin dan ek mei in lytser ferfiersmiddel."

Provinsjale Steaten debattearje nije wike woansdei oer hoe't se it iepenbier busferfier it bêste troch de coronakrisis helpe kinne. "Ons doel is niet het schrappen van bussen, maar om de reizigers weer in de bus te krijgen. Maar dan moet deze pandemie wel echt voorbij zijn", sa sei de deputearre.

Deputearre Avine Fokkens digitaal yn petear mei steatelid Bea Bylsma en foarsitter Max Aardema - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)