Lycklamawei yn Wolvegea wurdt feiliger; frachtferkear moat tenei omride

Oer de Lycklamawei yn Wolvegea mei fan 1 maart ôf gjin frachtferkear mear ride. De Lycklamawei is in belangrike tagongsdyk by it Van der Valkhotel wei oer it spoar nei it sintrum ta. Ferline jier hat de provinsje in bypass oanlein by de rotonde oan de ein fan de Stellingweg. Dêrtroch wurdt trochgeand ferkear om Wolvegea hinne laat.
De Lycklamawei yn Wolvegea © Google Street View
De gemeente wol ôf fan de grutte ferkearsdrokte op de Lycklamawei, ûnder oare om de feilichheid foar fytsers en skoalbern te ferbetterjen. Dêrom is oan it begjin fan de strjitte in ferkearsdrompel oanlein. It beslút fan de gemeente om frachtferkear op de Lycklamawei te ferbieden is earder al op besjen lein. Der binne neffens de gemeente gjin beswieren yntsjinne.