Fryske juf nominearre foar 'learaar fan it jier'

In 35-jierrige juf út Makkingea is nominearre foar de titel 'learaar fan it jier' yn it primêr ûnderwiis. It giet om Annieke Otten-Zantige, sy wurket as juf en rekkenkoördinator op doarpsskoalle yn Nijensleek, yn Drinte. Se hat sels in nije rekkenmetoade betocht en dy wurdt benammen yn coronatiid in protte brûkt troch bern dy't thús les krije.
Underwiis © Shutterstock.com
Der binne noch njoggen oare dosinten nominearre. Op 19 jannewaris heart Otten oft sy by de bêste trije nominearren sit.
It is de bedoeling dat de winner yn novimber oanwiisd wurdt op de ûnderwiisbeurs.