Koade giel: warskôging foar glêdens op Fryske diken
Ferskate tsjinsten warskôgje foar glêdens op de Fryske diken. De meldkamer jout koade giel ôf en freget bestjoerders dêr rekken mei te hâlden by it riden. De provinsje stjoert fan 21.00 oere ôf de struiweinen op paad. De glêdenswarskôging jildt foar woansdeitejûn fan 19.00 oere ôf, woansdeitenacht en tongersdeitemoarn.