"De reedrydbubbel is ien fan de feilichste plakken op de wrâld"

13 jan 2021 - 17:53

Der wie in hiele hoop lucht foar nedich, mar dizze wike is de reedrydbubbel opblaasd. Hast 300 riders en harren coaches binne de kommende wiken yn Fryslân om dochs noch in pear ynternasjonale wedstriden te riden. Alle reden foar in ekstra SportCast om foarút te sjen op it EK sprint en allround fan kommend wykein. Dat dogge we mei reedrydster Letitia de Jong en âld-rider Douwe de Vries, dy't as foarsitter fan de atletekommisje de riders fertsjinwurdiget.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen. Fynst der ek de podcastôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

De ôfrûne moannen is der troch in ferskaat oan partijen wurke om sa'n reedrydbubbel mooglik te meitsjen. Douwe de Vries hat ek belutsen west by dat proses en is bliid dat it no fan start gien is. "Uteinlik komme hast alle lannen, útsein Japan en in pear hiele lytse lantsjes. Ik kin sizze, sûnder te oerdriuwen, dat it ien fan de feilichste plakken op de wrâld is."

Letitia de Jong hie sels ek graach yn de bubbel sitten, mar se pleatste har ein desimber net troch de gefolgen fan in blessuere. Dochs fynt se it hiel belangryk dat der noch wol ynternasjonale wedstriden riden wurde. "Yn Nederlân hawwe we in hiel sterke nasjonale kompetysje, mar dat is net yn alle lannen sa. Ik tink dat it just foar de bûtenlanners moai is om je te mjitten mei de konkurrinten, mei it each op folgjend jier." Dan binne de Olympyske Spelen.

EK allround en sprint

Wat ferwachtsje De Vries en De Jong fan it Europeesk kampioenskip oankommend wykein? Neffens beiden is Antoinette de Jong de topfavorite foar de allroundtitel. "Ast sjochst hoe't se de lêste toernoaien rydt, mei har nije skuon. Se stekt in hiele goeie dwaan en is de frou om te ferslaan", fertelt De Vries, dy't by Jumbo-Visma ploechgenoate fan har wie.

De Jong is sels in sprinter en sjocht dat Femke Kok in poadiumkandidaat is. "Ja, ik ferwachtsje bêst wol in soad fan har. Se rydt 37,0 op Thialf. Ik moat noch sjen wa't fan har winne kin op de 500 meter. De 1000 meter docht se ek hartstikke goed." Neffens De Jong giet it yn it sprinttoernoai by de froulju tusken Jutta Leerdam en Kok.

Meistride om it poadium liket foar Marwin Talsma by it allroundtoernoai foar de manlju in brêge te fier, tinkt De Vries. "It is seker in ferrassing dat hy him pleatst hat. Hy prestearret boppe myn ferwachting. As er sokke 5 en 10 kilometers ride kine as er dit seizoen docht, kin er sa top fiif ride", ferwachtet de âld-reedrider.

(Advertinsje)
(Advertinsje)