Skoallen noch langer ticht; rek is der út yn it basisûnderwiis

13 jan 2021 - 17:51

De rek is der ek yn it basisûnderwiis behoarlik út. Dat seit skoallieder Loek Iedema fan CBS De Burcht op It Hearrenfean. Syn skoalle hat sa'n 60 bern yn de needopfang bygelyks om dat har âlden in essinsjeel berop hawwe. De sitewaasje is noch wol efkes fol te hâlden, mar it binne benammen de kwetsbere learlingen dêr't de skoalle noed oerhat. "Bern dy't it dreech fine om de resueltaten dy't se meitsje fêst te hâlden. Dêr moatte wy ekstra omtinken foar hawwe."

Gefolgen lockdown basisûnderwiis

Yn de parsekonferinsje fan tiisdei waard dúdlik dat der noch kâns is dat de basisskoallen op 25 jannewaris al wer iepen gean, mar dat is ôfhinklik fan de útkomsten fan it ûndersyk nei de Britske fariant fan it coronafirus. "Alleen als het kán gaan we in het basisonderwijs op maandag 25 januari terug naar klassikaal onderwijs", sei premier Rutte dêroer. Nije wike komt dêr dúdlikheid oer.

Groep acht

Benammen foar learlingen fan groep acht brekke spannende tiden oan. Sy krije meikoarten in skoaladvys foar harren rjochting op de middelbere skoalle. Fraach is wat dat advys noch wurdich is yn in skoaljier wêrby't de bern in soad thús sitte. "De bern ha in soad ûnderwiis ek thús hân en it advys giet oer in bern dat al langere tiid op skoalle meimakke hat. Wy tinke dat de resultaten dus goed genôch binne," leit Iedema út.

Skoallieder Loek Iedema fan CBS De Burcht

De famylje Buijert wurket thús hjoed - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De measte bern fine it net leuk dat de basisskoallen noch langer tichtbliuwe moatte, mar begripe it wol. Oant dy tiid binne de juffen en de masters drok oan it skypen mei it grutste part de bern. Juf Miriam fan deselde skoalle leit it rekkenjen út oan Ties Buijert út Oranjewâld. Hy sit yn groep acht en is hielendal klear mei de sitewaasje. "Doe't ik lyts wie, hie ik it miskien moai fûn om net nei skoalle te gean, mar no wol ik hiel graach wer de klasse yn," seit Ties.

Juf Miriam fan CBS de Burcht hat kontakt mei Ties - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Neffens de skoallieder fan CBS De Burcht sjocht syn personiel út nei it momint dat de skoalle wer iepen kin. "Nee ferkeapje foar de needopfang, dat wolle wy net. Mar soms komst yn sitewaasjes mei dilemma's," seit Iedema. Dan komst yn sitewaasjes wêrby't je ek minsken teloarstelle moatte."

Ties Buijert út groep acht en juf Miriam fan CBS de Burcht

(Advertinsje)
(Advertinsje)