SC Hearrenfeantrainer Johnny Jansen hâldt opstelling tsjin RKC geheim

SC Hearrenfean krijt tongersdei de kâns revâns te nimmen foar de wanprestaasje tsjin Fortuna Sittard (1-3). Neffens Johnny Jansen, dy't fanwege corona net by de wedstriid oanwêzich wie en thús foar de telefyzje siet, wie it tsjin de Limboargers fierstente flak. "Ik zat thuis voor de buis ernaar te kijken en ik miste de echte wil dat ze ten koste van alles wilden winnen." Tongersdei krije de spilers de mooglikheid foar revâns, al sille guon spilers passearre wurde. "We gaan zeker wat veranderen."
SC Hearrenfeantrainer Johnny Jansen hâldt opstelling tsjin RKC geheim
We gaan zeker wat veranderen.
Johnny Jansen

Coronatest Johnny Jansen

It is noch net dúdlik oft Johnny Jansen tongersdei op de bank sit. Jansen is yntusken opknapt fan corona, is ek net mear besmetlik, mar hie by de lêste coronatest (tiisdei) noch te hege wearden fan it firus. "Ik ben voor morgen een twijfelgeval", laket Jansen. "Ik ben vanochtend (woandei) weer getest en moet de laatste testresultaten nog afwachten. Hopelijk kan ik dan tegen RKC langs de lijn kan staan."
Ik ben voor morgen een twijfelgeval.
Johnny Jansen

Opstelling net bekend

De Kroätyske middenfjilder Tibor Halilovic sit foar it earst by de wedstriidseleksje, dat jildt ek foar Syb van Ottele en twadde doelman Ariel Harush. De lêste oanwinst, Rami Kaib is noch net spylgerjochtige, hy hopet der tsjin VVV-Venlo by te wêzen. Halilovic makket in goeie yndruk op Jansen. "Ik heb gisteren en vandaag (woansdei) met hem getraind en hij laat zien dat hij goed kan voetballen. Hij wil graag aan de bal komen en is vaardig. Hij kan fel en agressief doordekken, dus daar verwacht ik veel van."
Jansen woe syn opstelling foar moarn net frij jaan. "We gaan zeker wat veranderen, maar de opstelling geven we niet prijs. Dat heeft aan de ene kant te maken met de uitslagen van de coronatests die morgen pas komen. Aan de andere kant hoeven we RKC ook niet wijzer te maken dan ze al zijn."
De wedstriid SC Hearrenfean - RKC Waalwijk set tongersdei om 18.45 oere útein en is live te folgjen yn in ekstra sportútstjoering by Omrop Fryslân. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer en Roelof de Vries.