Ien gefal Britske coronafariant yn Fryslân, GGD tige wach op nije gefallen

13 jan 2021 - 16:54

Oant no ta is yn Fryslân ien gefal fan de tige besmetlike Ingelske coronafariant fûn. Dat meldt de GGD. De sûnensorganisaasje makket him grutte soargen en sit der boppeop troch de ôfnommen coronatests yn it lab goed te ûndersykjen op de Britske fariant.

Foto: ANP

"Fan ien gefal witte wy it seker", seit wurdfierder Marcel de Jong fan de Fryske GGD. "We hoopje dat it dêrby bliuwt, mar dat soe my fernuverje. Wy ûndersykje de kontakten fan dy persoan. It giet om in lytse groep. Wy meitsje ús wol soargen, want it is in hiel besmetlike fariant. Jo hoege mar in pear te hawwen en dan kin it him yn it mâle ferspriede oer de provinsje."

Folle besmetliker

De eangst foar de Britske fariant is sa grut, omdat dy folle besmetliker is. De R, dat is it reproduksjegetal, leit folle heger as it firus dat hjir no omgiet. Dêrfan is de R 0,9. Fan de Britske fariant leit dy tusken de 1,3 en de 2 Dat betsjut dat ien persoan tusken de 1,3 en 2 oaren besmette kin. En dan giet it hurd.

Net deadliker

De Britske fariant is net gefaarliker of deadliker as it oare coronafirus. It gefaar sit him yn de oantallen. As mear minsken besmet wurde, sil de druk op de soarch fierder tanimme. Yn Londen stean bygelyks al rigen sikeauto's foar de doarren fan de sikehuzen te wachtsjen oant dat der plak is. De eangst is dat ek hjir de sikehuzen it net mear oankinne en dat der in kar makke wurde moat oer libben en dea. Wa kriget in behanneling en wa net?

Faksins fan no jouwe ek beskerming tsjin Britske fariant

Jaap van Dissel fan it RIVM sei woansdeitemoarn dat hy ferwachtet dat de Ingelske fariant hjir dominant wurde sil. Net op koarte, mar al op de wat langere termyn. It iennige dat se dwaan kinne, is it tal kontakten tusken minsken beheind hâlde en gau trochsette mei de faksinaasjekampanje. Want dúdlik is dat de faksins dy't no op 'e merk binne, beskerming biede tsjin de Britske fariant.

(Advertinsje)
(Advertinsje)