Drokte yn de natuer: oprop om tichter by hûs fan natuer te genietsjen

Staatsbosbeheer en oare natuerbehearders trede stranger op tsjin de grutte drokte yn natuergebieten. No't de lockdown ferlinge is oant en mei 9 febrewaris, wurde in soad besikers yn de gebieten ferwachte. Se roppe op om yn de wykeinen net mear manmachtich nei de grutte natuergebieten te lûken, en yn de buert fan it eigen hûs te bliuwen.
Drokte yn de natuer: oprop om tichter by hûs fan natuer te genietsjen
It is de ôfrûne wiken sa út de hân rûn, dat moat oars fine se. De terreinbehearders sette hanthavers yn en warskôgje kuierders en fytsers om yn it wykein en op feestdagen yn de buert fan har eigen hûs te bliuwen. As minsken dochs de natuer yn wolle, dan mei dat allinnich yn gebieten dy't kuierjend of mei de fyts te berikken binne. Tusken alve oere moarns en trije oere middeis is it advys om hielendal net te kommen.
"De drukte is sinds corona echt toegenomen" seit Manon van Wesel, boskwachter by Staatsbosbeheer. "Je kan ook nergens anders heen. Vooral in de weekenden is het druk, dan zijn de meeste mensen vrij. Ze komen om te wandelen, fietsen en ruiteren." It Mandefjild by Bakkefean is sa'n populêr plak. "Er is hier bos, heide en stuifduinen." Van Wesel ropt op om net inkeld wykeins te kommen." En kijk in je eigen omgeving. Kom je bij een drukke plek, ga dan ergens anders heen om de drukte te mijden."
Se fernimt ek dat minsken 'coronamoe' binne. "Ze zijn het beu aan het worden, reageren prikkelbaarder. We krijgen vaker meldingen dat mensen op paden komen waar het niet mag en ze hebben honden niet aan de lijn. We moeten vaak zeggen dat ze zich aan de regels moeten houden. Hou rekening met elkaar en heb respect voor natuur. En kom niet allemaal tegelijk naar dezelfde plek."
Manon van Wesel
Kuierders oan it wurd